Kröller-Müller Museum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yngong fan it museum

It Kröller-Müller Museum is in museum foar moderne keunst, yn it Nasjonaal Park De Hege Feluwe te Otterlo yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It museum en it neistlizzende byldenpark, mei-inoar sa'n 25 ha, hawwe ynternasjonale bekendheid. Jierliks komme der mear as 250.000 besikers út binnen- en bûtenlân.

It museum is neamd nei Helene Kröller-Müller, dy't, advisearre troch keunstpedagooch H.P. Bremmer, in grut part fan de samling gearfandele.

It museum is yn opdracht fan de Kröllers ûntwurpen troch de Belgyske arsjitekt Henry Van de Velde. It waard yn 1938 iepene. It gebou is tsjintwurdich eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst), dy't it yn 1977 útwreidzje liet mei ûnder oaren eksposysjesealen, depots en in nije yngongshal, nei ûntwerp fan arsjitekt Wim Quist.

Yn 1961 liet de doetiidske direkteur Bram Hammacher it museum útwreidzje mei in byldepark. Yn 1963 folge Rudi Oxenaar Hammacher op en sûnt 1990 is Evert van Straaten de direkteur.

Samling[bewurkje seksje | edit source]

It museum hat yn wrâldferneamde kolleksje skilderijen en tekeningen fan de keunstskilder Vincent van Gogh op'e noed. Dêrneist is der in rike samling moderne en hjoeddeiske keunst dêr't mear as 400 wurken (ynternasjonale avant-garde út de jierren '60 oant no) út de eardere kolleksje Visser ûnder binne; sa as wurk fan Anselm Kiefer, Richard Long en Ellsworth Kelly. Yn 2005 waard in legaat, besteande út 28 wurken en korrespondinsje, út de neilittenskip fan Rudi van Deventer (soan fan de museumdirekteur yn de oarlochsjierren) oangien.

Der is wurk fan ûnder oaren:

Utstald wurk (kar út)[bewurkje seksje | edit source]

It byldepark[bewurkje seksje | edit source]

Eastlik terrein[bewurkje seksje | edit source]

Aldo van Eyck-paviljoen[bewurkje seksje | edit source]

Sintraal en sudwest terrein[bewurkje seksje | edit source]

Noardwest terrein[bewurkje seksje | edit source]

Rietveld-paviljoen[bewurkje seksje | edit source]

Yngong[bewurkje seksje | edit source]


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]