Kopermoandei

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kopermoandei yn Amsterdam, 1604.

Kopermoandei is de moandei nei de earste snein nei Trijekeningen.

It wie it begjin fan de festeljûntiid. Oant yn de 19e ieu waard Kopermoandei op feestlike wize de pot fan de gilden, 'buorrens' en begraffenisferienings fertard en makke de jeugd lawaai. It wie ek de dei dat skippersbern har ferhierden. Yn Dokkum waard Kopermoandei oan't likernôch 1960 noch fierd: Elk haad fan de húshâlding út wyk D krige in jildlike útkearing. De tiisdei dêrop waard Blikken Tiisdei neamd. Bern makken dan in soad leven mei blikken.

Yn Grou waard Kopermoandei Keatlingdei neamd.

Yn de Protestantske Gemeente Skettens-Skraard-Longerhou (Fryslân), is it oant no ta noch wenst dat de pachters fan it tsjerkelân troch de tsjerkefâden útnoege wurde foar in gearkomst. De hier wurdt lykwols al jierren net mear op dizze dei betelle.

[bewurkje seksje] Literatuer

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen