Kolmarslân
It Kolmarslân, yn de folksmûle: Starteilân, foarhinne: De Sweagen, is in eilân yn de Snitser Mar.
It eilân rêst op in twa meter dikke feanlaach, dy't sells wer rêst op in diluviale sânbank. Oan de oerflakte is it fean ôftichte mei in 30 sm dikke seeklaailaach. Neist it Kolmarslân leit it Skareilân. Oer it ûntstean fan it Kolmarseilân ûntstiet wat ûndúdlikheid.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Nammejouwing
De werkomst fan de namme Kolmarseilân it te ferklearjen nei de Kolmar, dat foar it ûntstean fan de hjoeddeiske Snitser Mar op dizze lokaasje lei. Yn de folksmûle waard it eilân sûnt medio 1900 De Sweagen neamd, in stik mei greidlân dus. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch neamt de lokale befolking it eilân it Starteilân.
De namme Starteilân ferwiist nei de funksje fan it eilân foar de wettersportferiening [[[Keninklike Wettersportferiening Snits]], dy't it eilân sûnt 1919 brûkt as kontrolesintrum by sylwedstriden op de Snitser Mar. It Kolmarslân in benammen bekend troch de sylwedstriden yn de Snitswike en it Skûtsjesilen.
[bewurkje seksje] Untwikkeling
It eilân hat yn de rin fan de jierren meardere gedaanteferwikselingen ûndergien. Begjin foarrige ieu waard der in gebou foar horeka op it eilân boud, dat stiet der noch altiten en hjit sûnt 1970 It Foarûnder. Neist dizze horekagelegenheid binne op it eilân ek jachthavens en sanitêre foarsjennings foar besikers. Der is ek in kampearterrein en in snackbar.
De starttoer is it meast markante gebou en hat in lange skiednis. Yn de begjinjieren wie dizze toer in houten ferheging mei seinflaggen (it roekenêst), foar de oarloch is hjir in stienen gebou en toer foar yn it plak komd. Tsjintwurdich is it gebou in modern wedstrydsintrum mei alle byhearrende elektroanika en romten. De starttoer lykas dizze no op it eilân stiet is ûntstien nei in ferbouwing yn 1978. De Gemeente Snits hat yn 2010 it eilân in opknapbeurt jûn, ûnder mear de jachthaven is fergrutte en de oare foarsjennings binne modernisearre en útwreide.
[bewurkje seksje] Keninklik Besyk
Hare Majesteit Keningin Beatrix brocht op 4 augustus 2010, ta gelegenheid fan de 75ste Snitswike, in besyk oan it eilân. Hjirby stie hja sels oan het roer fan de Groene Draeck.
[bewurkje seksje] Berikberheid
It Kolmarslân is alle dagen fan de fêste wâl ôf te berikken mei in feartsjinst dy't, yn de simermoannen, ôf en oan fart fan de Paviljoenwei ôf. Yn de Snitswike fart de Poieszboat nei it eilân en stoppet de Snitsermarbus by de ôffarplakken fan de feartsjinsten.