Kolibrys

Ut Wikipedy
Robynkielkolibry (Archilochus colubris)

Kolibrys (Trochilidae) binne in famylje fan fûgels út de oarder toersweleftigen (Apodiformes). De famylje bestiet út mear as 300 soarten. De measte soarten komme foar yn Súd-Amearika. It oarspronggebiet (genesintrum) fan de kolibry's leit dêr grif ek.

Eigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mantsjekolibry is bûnt, meastal metaaleftich grien kleure, mei in glânzjend reade, blauwe of smaragdgriene kielkleur. It wyfke is ûnopfallend kleure.

De snaffel is in wichtich skaaimerk foiar de soartenyndieling. By de swurdkolibry (Ensifera ensifera) is de snaffel hast like lang as it liif dat 10 sm lang is. Mar de Ramphomicron microrhynchum hat mar in snaffeltsje fan 5 mm. De Eutoxeres hawwe in sterk nei ûnderen bûgde snaffel en de sabelsnaffelkolibry (Avocettula recurvirostris) hat in snaffel dy't oan de top nei boppen ta bûgd is. Elke snaffel is op in bepaalde blomfoarm spesjalisearre, wêrtroch't gjin konkurrinsje tusken de kolibry-soarten optreedt. Elke kolibry is fan in spesjaal pûdsje mei nektar yn de nekke ôfhinklik. As de wjukken nei foaren bewege, beweecht it pûdsje nei efteren. Sa kin de kolibry syn kop yn lykwicht hâlde as hy fret.

Tusken de soarten kommme grutte ferskillen yn gewicht foar. De lytste (bijkolibry, Mellisuga helenae) waacht 1,8 gram. De yn Noard-Amearika meast foarkommende kolibry (robynkielkolibry, Archilochus colubris) waacht ûngefear 3 gram en is 7,6 sm grut.

Kolibrys kinne oant 15 jier âld wurde en komme elk jier werom op itselde plak. As it te kâld wurdt, trekke se nei súdliker streken.

De kolibry hat in lange snaffel, dêr't hy mei yn de kroanbuis fan de blom komme kin. Om by de nektar te kinnen moat hy syn tonge útrôlje. De punt fan de tonge is spliten en hat de foarm fan in strieke. Hjirtroch kin hy by nektar komme dêr't sels ynsekten net by kinne. De blommen hawwe in tige lange kroanbuis en hawwe har foar de bestowing oanpast oan de kolibry en de kolibry oan de blommen. Om it foar dizze fûgel ekstra oantreklik te meitsjen is der in soad nektar oanwêzich. Kolibrys hawwe in sterke foarkar foar oranje en reade blommen.

Sûkerwetter drinkende kolibry

De kolibry kin mei sûkerwetter byfuorre wurde. Eartiids waard in reade floeistof tafoege, tsjintwurdich is de foerhâlder fan plastic en is de foet, dêr't it foerwetter yn sit, read kleure. De iepeningen fan de foerbuiskes binne sa lyts dat der gjin ynsekten by kinne en allinnich de snaffel fan de kolibrie der trochhinne kin.
Sommige soarten ite ek ynsekten. De kolibry moat de hiele dei ite om genôch enerzjy te krijen. Sels as it reint bliuwt de kolibry trochfleanen, mar kin dan minder fretten fine omdat in soad blommen har by rein slute. Wannear't it langer as in wike oanhâldend reint, stjerre in soad kolibrys troch gebrek oan fiedsel.
De kolibry sliept allinnich nachts. Yn de sliep sakket de lichemstemperatuer in pear graden om enerzjy te besparjen. Fergelykber mei de wintersliep by bearen.

Snelheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kolibry kin troch de tige snelle wjukkeslach (15 oant 80 slaggen per sekonde, ôfhinklik fan de grutte fan de fûgel) yn de loft stil hingjen bliuwe. Troch de snelle wjukslach kin de kolibry as ienige fûgel ek efterút fleane. Se kinne sels rjocht omheech en rjocht omleech fleane. De 'helikopter' ûnder de fûgels. Dizze manier fan fleanen freget lykwols in soad enerzjy dy't krigen wurdt út de sûkers dy't yn de nektar sitte.
De universiteit fan California ûndersocht [1]de snelheid fan de (mantsjes) Anna-kolibry (Calypte anna) yn in dûkflecht. Dit barde mei in kamera dy't 500 frames per sekonde makket. Der waard mjitten dat se per sekonde 385 kear harren eigen lichemslingte ôflizze (in strieljager hellet 150 kear, mar is op 'en doer uteraard sneller). By it ôfremjen, dat mei it sprieden fan de wjukken bart, ûntstiet der in druk fan njoggen kear de swiertekrêft. In minsk soe by dizze druk bûten westen reitsje.

Leefgebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kolibry libbet op in soad ferskillende plakken, der binne by dy't op iepen plakken libje, gebieten mei in soad sinne en yn de woastyn, mar ek kolibrys dy't yn it kâlde heechberchtme libje, of yn it tropysk reinwâld of oare vfochtige streken. Se komme allinnich foar yn Amearika, mar dan wol oer it hiele kontinint, fan Alaska oant yn Fjoerlân.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kolibry leit yn twa dagen twa relatyf grutte, wite aaien dy't nei 14-19 dagen útkomme. De jongen wurde yn 3-4 wiken mei ynsekten en nektar fuorre troch de mem. Dizze fuorret oant 140 kear deis de jongen, wêrby't de lange snaffel djip yn de bek fan it jong stutsen wurdt. De heit fersoarget it nêst net en soarget ek net foar it grutbringen fan de jongen. Hy fedigenet wol it territoarium tsjin binnenkringende soartgenoaten. Omdat kolibrys in soad frette moatte, binne de jongen altiten ûnbewekke en falle faak ten proai oan oare bisten as rôffûgels, katten en slangen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.nu.nl/wetenschap/2021305/kolibrie-blijkt-snelste-dier-op-aarde-.html