Kiryat Onoplein

Ut Wikipedy
It Kyriat Onoplein yn 2012

It Kiryat Onoplein is in plein yn de wyk De Singels yn Drachten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it kommen fan De Lawei waard efter de skouboarch in plein oanlein dat oant 1967 Van Harinxmaplein hjitte. Yn dat jier waard it plein ferneamd nei Kiryat Ono, de Israëlyske susterstêd fan Smellingerlân. It beslút om it plein in oare namme te jaan waard naam nei't de Israëlyske stêd in plein de namme Plein van Drachten jûn hie.[1] Dat barde by in besite fan in Drachtster delegaasje yn april 1964. [2]

Yn 1967 waard oan it Kiryat Onoplein in nij boud plysjeburo oplevere en yn septimber fan dat jier ferhuze de plysje fan de Van Haersmasingel nei it nije gebou. It plysjeburo waard yn 1975 útwreide en is yn 1995 sloopt,[1] nei de ferhuzing nei it Mûnein. Op it eardere plak fan it buro kaam in appartemintegebou mei ûnder op 'e grûn in supermerk. It Roelé Hûs is in oar appartemintekompleks oan it Kiryat Onoplein súdlik fan De Lawei.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Kiryat Onoplein, politiebureau plm. 1973 Dragten.nl/
  2. Oostra, Jolt, Drachtster namen, toponymie van Drachten, 1997. S. 286