Kiryat Ono

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Embleem fan Kiryat Ono
Tel Aviv distrikt
Lokaasje fan Kiryat Ono yn it Tel Aviv Distrikt
Kiryat Ono yn Israel

Kiryat Ono (Hebrieusk: קִרְיַת אוֹנוֹ ) is in Israëlyske stêd yn it Tel Aviv distrikt. It leit sa'n 11km east fan Tel Aviv op it plak dêr't guon fan tinke dat it bibelske 'Ono Delling' [1] wie. Ein 2007 hie Kiryat Ono in befolking fan 27,400.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Kfar Ono, letter Kiryat Ono, waard stifte yn 1939. Yn de 1950s kaam dêr in ma'abara (trochgongskamp foar nije ymmigranten) by it plak. Kfar Ono waard ien mei mienskippen yn de omkriten yn 1954, dy't doe meiinoar Kiryat Ono foarmen. Yn 1992 krige it plak de status fan stêd.[2]

[bewurkje seksje] Demografy

Neffens it CBS bestie yn 2001 de befolking fral út Joaden en oare net-arabieren en lytse groep Arabieren. Kiryat Ono is de lêste jierren gâns waakst. Neffens it CBS wiene der yn 2001 11,200 manlju en 12,000 froulju.

Befolkingsopbou neffens âldens:

Aldens Prosint fan befolking
0-4 8,9%
5-9 7,4%
10-14 6,2%
15-19 6,5%
20-29 12,9%
30-44 21,6%
45-59 18,2%
boppe 60 18,3%

[bewurkje seksje] Underwiis

Kiryat Ono hat 9 skoallen en der binne 3,915 studinten. Dy binne ferspraat oer 6 basisskoallen mei 1,883 learlingen, en 3 middelbere skoallen (Shazar junior high, Ben Zvi junior high en Ben Zvi High school) mei 2,032 studinten (2001).

'Ono Academysk Kollezje' is in akkreditearre privaatskoalle mei 8,500 studinten.[3]

[bewurkje seksje] Sustersteden

[bewurkje seksje] Referinsjes

  1. Bibel, Nehemia 10:12
  2. Qiryat Ono (Israel)
  3. Ono Academic College - PROFILE - ONO ACADEMIC COLLEGE

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen