Katedraal fan de Hillige Mem Gods (Gjûmri)
Katedraal fan de Hillige Mem Gods
Սուրբ Աստվածածին Մայր Եկեղեցի | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
provinsje | Sjirak | |
plak | Gjûmri | |
adres | Vartanants Plein | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1873-1884 |
De Katedraal fan de Hillige Mem Gods (Armeensk: Սուրբ Աստվածածին Մայր Եկեղեցի; Sûrp Astvatsatsin), ek bekend ûnder de namme Us-Leaffrou fan de Sân Smerten (Armeensk: Սուրբ Աստվածամոր Յոթ Վերք), is in 19e iuwsk tsjerkegebou yn Gjûmri, Armeenje. De katedraal stiet oan de noardlike kant fan it Vartanants Plein en is de biskopstsjerke fan it bisdom Sjirak fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke.
Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke is binnen krúsfoarmich mar bûten is it gebou rjochthoekich. Boppe de westlike tagong fan it gebou is de klokketoer. Boppe it sintrum fan it gebou stiet in grutte koepel. Oan de eastlike kant dêrfan binne twa lytsere koepels. Oars as wênst yn Armeenske tsjerken hat de katedraal in ryk útfierd alter yn de foarm fan in ikonostase mei meardere ikoanen.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De bou fan de katedraal fûn tusken 1873 en 1884 plak.
Yn de Sovjet-tiid bleau de tsjerke iepen foar de earetsjinst.
Yn 1988 stoartten by de ierdskodding de twa lytse koepels del. Se waarden neitiid ferfongen troch nije koepels. De twa eardere koepels steane hjoeddedei yn de tún fan de tsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|