Karl Bûlla
Karl Karlovitsj Bûlla of Karl Ostwald Bulla (Russysk: Карл Карлович Булла; Lübeck, 26 febrewaris 1855 – Ösel, 28 novimber 1929) wie in Russysk fotograaf fan Dútsk komôf. Hy wie ien fan de earste fotosjoernalisten yn de wrâld en wurdt wol beskôge as de ‘heit’ fan de Russyske reportaazje-fotografy.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûlla waard berne yn Lübeck. Yn 1865 rûn er fan hûs en festige him yn Sint-Petersburg. Hy sette dêr in bedriuwke yn fotografysk materiaal op (letter droech er dêrmei by ta wichtige ûntjouwings yn de fototechnyk) en begûn 1875 syn earste fotostudio. Fan 1886 ôf krige er permisje fan de Peterbuckske plysje om oeral foto's te meitsjen en makke sa namme as reportaazjefotograaf. Syn sjoernalistike fot's ferskynden dêrnei faak yn belangrike tydskriften (Russyske en bûtenlânske) en nei 1894 bygelyks ek op tal fan. Rillegau waard er sjoen as de bêste fotograaf fan Sint-Petersburch.
In 1896 werd Bûlla de titel ‘Fotograaf fan it Keizerlik Hof’ verleend, sadat er yn de gelegenheid wie om de bêste kameraposysjes by offisjele gelegenheden yn te nimmen. Itselde jier krige er ek formeel tastimming om foto’s te meitsjen by militêre oefeningen en it tewetterlitten fan skippen. Tusken 1904 en 1914 makke er in protte foto’s dy't it leger oanbelangen: oefeningen, sportwedstriden, parades, groepsfoto’s, ynspeksjes, ensafuorthinne. Bûlla wie ek de earste offisjele fotograaf fan de Russyske Brânwar, de Peterburchske Hegeskoallen en de Iepenbiere Bileteek. Op persoanlike titel kaam hy geregeldwei oer de flier by ferneamde lju sa as Lev Tolstoj en Ilja Repin, dêr't er ferneamde reportaazjes makke. Bûten dat bleau Bûlla lykwols frak bekend om syn spesjaal omtinken foar it deistige. Sa wie er bygelyks ien fan de earsten dy't de yndustriële ûnjouwings op de plaat fêstlei. In protte fan syn foto's yllustrearje ek de ûntjouwing fan it politike libben fan syn tiid.
Karl Bûlla syn wurk einige yn 1916 doe't hy út Sint-Petersburg weigie en him nei wenjen sette op it Eilân Ösel (Saaremaa), dêr't er 1929 stoar. Yn 1935 droech syn soan Viktor 132.000 negativen oer oan it Russysk Steatsargyf.
In 2005 waard yn de Hermitage te Sint-Petersburch in grutte eksposysje organisearre ta eare fan Bûlla's 150e bertedei en ferkynden der el fotoboeken. Begjin 2009 wie der ek yn dependânse fan de Hermitage yn Amsterdam in útstalling fan Boela syn wurk. Syn wurk jout in unyk byld fan it Ruslân fan ein 19e-, begjin 20e iuw.
Bûlla en soannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karl Bûlla stie te boek as in grut ûndernimmer en boude syn fotostudio út ta in lyts ympearium, 'Bûlla en soannen', mei syn soannen Aleksander (1881-1943) en Viktor (1883-1938), teffens ferneamde fotografen (Aleksander lei him yn it earstoan spesjaal ta op studio-opnamen en yn de jierren tweintich as fotoreporter, Viktor waard in ferneamd fotosjoernalist yn de Russyske Revolúsje en de Russyske Boargerkriich en makke ek in stikmannich ferneamde foto’s fan Lenin). It libben fan de soannen betearde lykwols tragysk. Aleksander waard begjin '30 oanholden en ferballe nei de earste Goelag-kampen; hy moast ûnder oaren arbeidzje oan it Wite Seekanaal. Viktor waard 1938 ûnder de Grutte Suvering arrestearre as Dútsk spion en dêrnei deasketten.
Fotogalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Koarte biografy Bûlla en soannen
- (in) Foto's
- Artikel yn Het Parool oer Bulla
- Webside n.o.f. útstalling Hermitaazje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|