Karavaanseray

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Karavaanseray fan Qualat el-Mudiq yn Syrje
Foarbyld fan in plattegrûn fan in Safavidyske karavanseray.

In karava(a)nseray of khan (Perzysk: كاروانسرا kārvānsarā, Turksk: kervansaray) wie in soarte fan herberch oan de kant fan in grutte dyk dêr't reizgers en hannelers rêste koenen en dêr't sy feilich oernachtsje koenen mei harren bisten en hannel. Karavaanserays spilen in rol yn befoarderjen fan de hannel, it útwikseljen fan nijs en migraasje oer it netwurk fan hannelsrûtes yn Aazje, Noard-Afrika en Súdeast-Europa, benammen oan de siderûte.

Foarm en gebrûk[bewurkje seksje | edit source]

Karavanseray's bestiene meast út in grut binnenplein mei rûnom in sletten fjouwerkant fan gebouwen, faak mei in arkade derfoar. De poarte moast breed genôch wêze om lêstdieren (sa as kamielen) troch te litten. De gebouwen hienen lytse nissen en keammerkes dêr't sawol reizgers as bisten rêste koenen. Faak sliepten minsken op de earste ferdjipping en de bisten op de begeane grûn, mar dat wie net alyd sa. Soms leinen der ienfâldige bêden yn de keamers. Oernachtsjen en wetter wie gratis, mar men moast wol foar it eigen iten soargje. Guon seray's hienen in winkel, dêr't sawol ferkocht as ynkocht waard, en in badhûs (hamam), en de measten hienen in gebedsromte of moskee.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste karavaanseray's ûntstienen yn de Seltsjoekske emiraten fan Sintraal-Aazje yn de 10e ieu. Militêre stipepunten en forten krigen hieltyd mear de funksje fan herberch foar reizgers. Mei de opmars fan de Seltsjoeken nei it Midden-Easten, waard fan de 13e ieu ôf Anatoolje ûntsletten troch in netwurk fan wegen mei karavanseray's. Dy leinen 30 oant 40 km út elkoar, wat sa'n bytsje oerien kaam mei de ôfstân dy't in karavaan op in dei ôflizze koe. Under it Ottomaanske Ryk en it Safavidenryk yn Perzje waard it netwurk fierder útboud troch it Heine Easten, Noard-Afrika en sels de Balkan. Earst yn de 20e ieu ferlearen de karavanseray's har funksje en/of krigen in oare bestimming.

Galery[bewurkje seksje | edit source]