Kales

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kales
Calais
Lizzing Kales yn Pas-de-Calais
Lizzing Kales yn Pas-de-Calais
Sifers
Ynwennertal ↓74.336 (2009)
Oerflak 33,5 km²
Befolkingstichtens 2.219 / km²
Hichte 0-18 m
Polityk
Lân Frankryk
Departemint Pas-de-Calais (62)
Arrondisemint Kales

Kales of Kalês (Frânsk: Calais) is in stêd yn Frankryk dy't leit oan de Opaalkust by it Kanaal, dêr't de ôfstân tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk op it koartst is (it Nau fan Kales). Der wenje om-ende-by 80.000 minsken.

By Kales, yn Sangatte begjint de Kanaaltunnel dy trochrint nei Dover yn Ingelân.

Eartiids makke Kales diel út fan it greefskip Arteesje. Troch de Ingelsken waard de stêd yn 1347 ferovere en wie oant en mei 1558 in Ingelske eksklave. Dêrnei kaam it yn besit fan de Frânsken. Fan de Spaanske Nederlannen út waard de stêd yn 1596 troch de Spanjerts ferovere en makke doe koart diel út fan de Nederlannen. De stêd waard yn 1598 by it ferdrach fan Fervins weromjûn oan Frankryk.

Berne yn Kales[bewurkje seksje | edit source]

Demografy[bewurkje seksje | edit source]



It ferrin fan it ynwennertal fan Kales sûnt 1962. Boarne: Frânsk buro foar de statistyk.