Springe nei ynhâld

Kabûl

Ut Wikipedy
Kabûl
Bestjoer
Lân Afganistan
Provinsje Kabûl
Boargemaster Mohammad Yunus Noandesh
Sifers
Ynwennertal 3.289.000 (rûzing 2012/13) [1]
Oerflak 275 km²
Stêdekloft 425 km²
Hichte 1807 m
Oar
Tiidsône Afghanistan Standard Time (UTC+4:30)
Koördinaten

Kabûl (Pasjtoen: کابل‎ Kābəl, Dari: كابل Kābol) is haadstêd en grutste stêd fan Afganistan. It ynwennertal fan de stêd wurdt op sa'n 3,3 miljoen minsken rûsd. De stêd leit yn it easten fan it lân, net fier fan de grins mei Pakistan.

Kabûl leit strategysk oan de Kyberpas, de wichtichste ferbining tusken Afganistan en Pakistan.

Neffens de oerlevering hawwe Iraanske stammen om 400 f.Kr. hinne it plak Kabura stifte. Aleksander de Grutte wie yn 330 f.Kr. yn it gebiet, mar makket gjin melding fan it bestean fan de stêd Kabûl.

Yn de 7e iuw feroveren Arabieren de stêd. Babur makke de stêd yn 1504 ta haadstêd fan it Mogoelryk. Nadir Sjad, de sjah fan Iran, ferovere de stêd yn 1738. Yn 1773 waard Kabûl de haadstêd fan Afganistan.

As ûnderdiel fan de Earste Afgaansk-Britske Kriich waard de stêd yn 1839 troch de Britten ferovere en yn 1842 foar in part delbaarnd. Yn 1879 wie der in grutte opstân tsjin de Britten. Yn 1879 kaam de stêd wer yn Britske hannen, no yn de Twadde Afgaansk-Britske Kriich.

Op 23 desimber 1979 besette de Sowjetuny de stêd. Yn de Russysk-Afgaanske Kriich (1979-1989) stie it militêre haadkertier fan de Sowjets yn Kabûl. Doe’t de Russen har weromlutsen ûntstie der in boargeroarloch, dêr’t sa likernôch 50.000 minsken by dearekken. Yn 1996 hie de Taliban de macht oer de stêd.

Nei de oanslaggen op de Feriene Steaten op 11 septimber 2001 ferklearre de Feriene Steaten de kriich oan it terrorisme (Operation Enduring Freedom). Mei stipe fan oare lannen begûn de kriich tsjin de machthawwer fan Afganistan, de Taliban. Op 9 novimber 2001 slagge it de Noardlike Alliânsje, Afgaanske kriichshearen dy’t mei it westen fochten, om de stêd yn te nimmen. Yn desimber 2001 krige Afganistan in nij tydlik bestjoer mei Kabûl as haadstêd. Yn 2004 waarden de earste demokratyske ferkiezings fan Afganistan wûn troch Hamid Karzai.

Nei de Russysk-Afgaanske Kriich, it bewâld fan de Taliban en Operation Enduring Freedom, moast it lân troch it nije Afgaanske regear mei help fan ISAF opboud wurde. Yn 2005 waard der in winkelsintrum (Kabul City Center) en yn 2008 waard op it ynternasjonale fleanfjild in nije terminal iepene.

Neffens de lêste folkstelling fan 1979 hie de stêd 913.164 ynwenners. Tsjintwurdich wurdt it ynwennertal rûsd op sa'n 3.289.000 minsken.[1]

Kabûl hat in ryk ferskaat oan talen en befolkingsgroepen wat oerienkomt mei de demografyske ferhâldingen fan Afhanistan. Der binne gjin krekte sifers fan folkstellingen beskikber. Neffens rûzingen bestiet de befolking foar 45% út Tadzjiken, 25% Hazara en 25% Pasjtoen, 2% Oezbeken, 1% Beloetsjen, 1% Turkmenen en 1% Hindû.[2]

Dari en Pasjtoen binne de meast brûkte talen yn 'e stêd en hawwe sawat likefolle sprekkers. Lykwols is it Dari by de measte gelegenheden de lingua franca.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kabul International Airport

Kabûl hat in ynternasjonaal fleanfjild, Kabul International Airport, dat sa'n 25 kilometer fan it sintrum fan de stêd leit. It fleanfjild hat ien ynternasjonale terminal dy't yn 2008 iepene waard. Minsken dy't út it bûtenlân wei nei Kabûl fleane wolle dogge dat meastal oer Dûbai. Neist it ynternsjonale fleanfjild is der ek in militêre terminal dy't troch it Afgaanske en Amerikaanske leger brûkt wurde.

Kabûl hat gjin trein of metro. Yn de earste helte fan de 20e iuw wie der noch in treinferbining mei Jalalabad en in 7 kilometer lange tramferbining yn it stedsgebiet. Sawol de trein as de tram bestean hjoed-de-dei net mear. Yn de santiger jierren wienen der plannen foar in metro mar dy plannen binne net útfierd.

Der is wol in bustsjinst dy't hjoed-de-dei sa'n 800 bussen hat en dat oantal wreidet him stadichoan út. De besteande stedsbussen wurde stadichoan fernijd. Kabûl hat mei de measte grutte stêden yn Afganistan busferbiningen. Der ride ek minybussen en auto's yn privee-eigendom dy't as taksyservice brûkt wurde nei oare stêden ta.

Troch de hiele stêd hinne wurde de strjitten en diken fernijd, wat fangefolgen hat dat mear minsken in auto keapje. Mei ôfstân de meast populêre auto yn Kabûl is de Toyoto Corolla dêr't sawat 90 persint fan de befolking mei rydt.[3]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kabul fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Population of Kabul City by District and Sex 2012-13, Central Statistics Organization Afghanistan (PDF; 158 kB)
  2. National Geographic: Befolkingskaart fan Afganistan út 2003 (PDF; 547 kB)
  3. Washington Post: In Afghanistan, a car for the masses