Kabukisyndroom

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Esculaap4.svg     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

It kabukisyndroom is in seldsume oanberne sykte, sa neamd om de oerienkomst mei de gesichten fan lijers mei de wite gesichten út it tradysjonele Japanske Kabukiteater.

Net eltse lijer hat deselde symptomen, mar lijers hawwe hast altyd geastlike beperkings (92%), en hawwe in grutte kâns op waaksbeperkings (83%).

Der binne net folle folwoeksen lijers, mar der binne fierder gjin oanwizings dat lijers oan it kabukisyndroom koarter libje. It lytse tal folwoeksen lijers soe der ferbân mei hâlde kinne dat it syndroom earst yn 1980 yn Japan fûn is.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

  • leechg ynplante, ôfwikend foarme earen, dy't faak wat nei bûten stean.
  • platte noas
  • bôgefoarmige wynbrauwen
  • grutte eagen
  • omdraaiing fan it ûnderste eachlid
  • lang eachsneed
  • lange en dikke eachteisters
  • tosken stean faak fierder út inoar, hawwe in ôfwikende foarm en soms misse der tosken
  • foetale fingertopkessentsjes
  • lyts stal
  • spierslapte (hypotony)
  • geregeld earûntstekkingen
  • loftwegenproblemen
  • nier en/ of hertôfwikingen

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]