Joseph Joffre

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Joseph Joffre

Joseph Jacques Césaire Joffre (Rivesaltes, 12 jannewaris 1852 - Parys, 3 jannewaris 1931) wie in Frânske militêr. Hy folge in oplieding oan de polytechnyske skoallen en naam yn 1870-1871 diel oan de Frânsk-Prusyske kriich. Hy waard yn 1886 útstjoerd nei Fietnam en yn 1894 nei Timboektoe. Troch syn goeie fertsjinsten yn Afrika waard hy yn 1905 befoardere ta brigadegeneraal en yn 1911 ta maarskalk. Joffre seach it grutte belang fan spoarlinen en snelwegen om de mobiliteit fan it leger te fergrutsjen. Hy pleit dan ek foar goeie diken.

Yn it begjin fan de Earste Wrâldkriich wie hy oerbefelfierder fan it seisde leger. Joffre spile yn 1914 in wichtige rol by de Slach by de Marne wêr't de Dútske opmars keard wurde soe. Mar nei de bloedige Slach om Ferdun waard er lykwols ferfongen troch generaal Robert Nivelle.

Nei it grutte mislearjen fan Ferdun krige syn militêre gesach mear in seremoanieel karakter. Joffre soe oant syn dea oan it wurk bliuwe, û.o. as adviseur by de Frânske regearing foar bûtenlânske betrekkingen. Yn 1931 is er ferstoarn.

Der wurdt flústere dat Joffre lid wie fan de Frijmitselers.