Timbûktû
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
| Timbûktû | ||
| Sankore-moskee Timbûktû | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 54.453 (2009) | |
| Oerflak | km² | |
| Befolkingstichtens | km² | |
| Hichte | 261 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Maly | |
| Oar | ||
| Stifting | 10e ieu | |
| Koördinaten | ||
Timbûktû (Frânsk: Tombouctou) is in plak yn Maly en ek de haadstêd fan de regio Timbûktû. It plak leit sa'n 13 km benoarden de rivier de Niger. De oarsprong fan de namme is ûnwis.
Ekonomy [bewurkje seksje]
Timbûktû wie yn it ferline in wichtige hannelsstêd op de karavaanrûtes troch de Sahara fan Súd Marokko en Algerije nei de Sahel. Dêr waarden de goederen oerladen fan de karavaan yn boaten yn de haven fan Timbûktû, Kabara. Sâlt, wûn by Awdaghust yn de Sahara en no by Taoudennit, waard ferhannele tsjin goud út de Riken fan Gana oan de Senegal rivier (net betize mei de Republyk Gana fan no) en letter Maly, dat wer nei Marokko brocht waard en dêr ferhannele foar pleatslike produkten. De kombinaasje fan rykdom fan de stêd en har ûnberikberens foar Kristlike hannelers joegen de namme Timbûktû in hast mytyske klank yn it Westen. De earste Europeaan dy't de stêd berikte wie de Skotske majoar Gordon Laing, dy't op de weromreis út de stêd fermoarde waard. De namme is no noch symboalysk foar in fier fuortlizzend en slim te berikken plak. Tsjintwurdich is it toerisme de wichtichste ynkomstenboarne yn de stêd. Sûnt in oantal jierren wurdt yn jannewaris it muzikale 'Festival au Désert' organisearre, krekt bûten Timbûktû, dat besocht wurdt troch hûnderten Westerske toeristen. De Djinguereber-moskee datearret út de 14e ieu.
Literatuer [bewurkje seksje]
- John Hunwick, Timbuktu & the Songhay Empire (Leien 2003)
- Michel Abitbol, Tombouctou au milieu du XVIIIe siècle (Parys 1982)