Johann Gutenberg

Ut Wikipedy
Johannes Gutenberg (postúm portret, libjend is hy net ôfbylde)

Johannes Gensfleisch zur Laden zum Gutenberg (Mainz, ± 1400 - dêre, 3 febrewaris 1468) wie in Dútsk printer. Hy jildt as de útfiner fan de boekdrukkeunst mei losse letters. Hy wurke yn Straatsburch (± 1440) en Mainz (± 1450). Syn bekendste wurk is de yn 1455 foltôge Gutenbergbibel.

Johannes Gutenberg wie in Dútske goudsmid en útfiner dy't bekend waard troch de Gutenberg-parse, in fernijende drukmasine dy't losse en ferfangbere houten of metalen letters brûkte. Earder bestie al de blokdruk, dêr't ien side mei printe wurde koe; de hiele side waard yn ien kear yn in blok snien.

Yn 1438 gie Gutenberg in saaklike oerienkomst oan mei Andreas Dritzehn, dy't syn eksperiminten betelle. Yn 1450 gie er in twadde oerienkomst oan mei de Dútske sakeman Johannes Fust dy't it mooglik makke om in drukkerij te begjinnen om dielen fan de no ferneamde Gutenberg-bibel te printsjen. Op 30 septimber 1452, waard de bibel fan Johann Guttenberg publisearre.

Gutenberg syn printmetoade wie it begjin fan it makliker en goedkeaper beskikber meitsjen fan teksten yn grutte oantallen. Nije techniken as it off-set printsjen binne derfan ôflaat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: