Jodie Foster
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Alicia Christian (Jodie) Foster (Los Angeles (Kalifornje), 19 novimber 1962) is in Amerikaansk aktrise.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Biografy
Jodie Foster waard berne yn Los Angeles, wêr't se in nei in spesjale skoalle gie, it Lycée Français de Los Angeles. Dêrnei gie hja nei de Universiteit fan Yale, dêr't sy in Bachelorsgraad helle yn de literatuer; sy slagge magna cum laude.
Jodie begûn har karriêre mei tillefyzjereklames doe't se twa jier wie. Fan doe ôf ferskynde sy yn ferskate tillevyzjerigen en films. As bern hie sy bygelyks in wichtige gastrol as Alethea yn ien fan de ôfleveringen fan de tillevizjerige Kung Fu. Mei 14-jier krige hja in Oscarnominaasje foar bêste froulike byrol foar har rol yn Martin Scorsese syn film, Taxi Driver. Se wûn in Golden Globe en in Oscar foar bêste froulike haadrol yn The Accused (1988), en wûn op'e nij in Oscar foar The Silence of the Lambs (1991).
[bewurkje seksje] Priveelibben
Op 4 desimber 2007 kaam Jodie Foster der foar út dat de lesbysk wie en dat hja al 14 jier in ferhâlding hie mei de filmprodusinte Cydney Bernard. Tegearre hawwe se twa soannen grutbrocht. Jodie hat nea bekend makke wa't harren heit is.
Yn 2008 waard de relaasje mei Cydney einige en begûn in nije mei tv-produsinte Cynthia Mort.
[bewurkje seksje] Trivia
- Op 30 maart 1981 die John Hinckley Jr. in oanslach op de doetiidske presidint fan de Feriene Steaten, Ronald Reagan. Hinckley hie te lijen fan erotomany en wie obsedearre troch Jodie Foster en de film 'Taxi Driver', wêr't in oanslach op in presidintskandidaat yn foar komt. Hinckley hat sein dat er it dien hie om Jodie Foster oan it gemoed te kommen.
- Jodie Foster hat nea aktearlessen hân.
[bewurkje seksje] Filmografy
[bewurkje seksje] Aktrise
[bewurkje seksje] Produsint
| Jier | Titel | Oantekenings |
|---|---|---|
| 1986 | Mesmerized | co-produsint |
| 1994 | Nell | |
| 1995 | Home for the Holidays | |
| 1998 | The Baby Dance | (TV) útfierend produsint |
| 2000 | Waking the Dead | útfierend produsint |
| 2002 | The Dangerous Lives of Altar Boys | |
| 2007 | The Brave One | produsint |
[bewurkje seksje] Regisseur
| Jier | Titel | Oantekenings |
|---|---|---|
| 1988 | Tales from the Darkside | (1 episoade, "Do Not Open This Box") |
| 1991 | Little Man Tate | |
| 1995 | Home for the Holidays |