Janke Reitsma

Ut Wikipedy
Janke Reitsma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1988
berteplak Driezum
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Koart ferhaal, roman
útjouwer Utjouwerij Mozaiek

Janke Reitsma (Driezum, 1988) is in Nederlânske ortopedagooch en skriuwster fan Frysk komôf. Anno 2021 wennet hja yn Swol.

Reitsma waard berne yn Driezum, mar opbrocht yn De Westereen. Se studearre ortopedagogyk oan de Universiteit fan Grins.

Se publisearre koarte ferhalen, folge de oplieding literêre fiksje oan de Schrijversvakschool yn Grins. Sy wûn ferskate skriuwwedstriden, dy fan de skriuwersfakskoalle, it Nederlands Dagblad en útjouwerij Kok-Boekencentrum.

Yn oktober 2021 waard har debútroman Niets ontgaat ons publisearre. De roman giet oer in gesinsdrama en spilet him ôf oan de waadkust yn Fryslân.[1] De roman waard nominearre foar de Hebban Debútpriis 2022. [2]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Niets ontgaat ons, roman

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Schrijfster Janke Reitsma zoekt de nuance achter de feiten. Frysk Deiblêd, 30 oktober 2021, s. 13
  1. rtvnof.nl 26 oktober 2021
  2. Janke Reitsma genomineerd voor Hebban, Frysk Deiblêd 5 july 2022, s. 10