Jan fan Arenberch

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Jan fan Ligne")
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan fan Ligne

Jan fan Ligne, greve fan Arenberch (Frânsk: Jean de Ligne, comte d'Arenberg) (om 1525 – sneuvele by Heiligerlee 23 maaie 1568) wie fan oarsprong baron fan Barbançon yn it greefskip Henegouwen (yn de Súdlike Nederlannen). Troch syn houlik mei Margareta fan der Mark (1527-1599) waard er greve fan Arenberch yn 'e Eifel. Dêrom kaam er yn 'e Nederlânske skiednis bekend te stean as Arenberch (of ek wol as Aremberch).

Yn 1546 beneamde keizer Karel V him ta ridder fan it Gulden Flues. Arenberch hearde ta de meast yntime fermiddens fan de keizer en behearde ta de groep fertroulingen dy't keazen waarden foar wichtige bestjoersfunksjes. Yn 1547 beneamde Karel him ta opfolger fan Maksimiliaan fan Egmond (greve fan Bueren), en 1 jannewaris 1549 krige er dy syn funksje fan steedhâlder fan Grinslân, Fryslân, Drinte en Oerisel. Yn 1551 waard er teffens steedhâlder fan Lingen.

Arenberch die mei oan de fjildtochten tsjin Frankryk. Hy koe goed mei Willem fan Oranje, dy't er goed koe as tutor fan Oranje syn frou Anna fan Bueren.

Under de Opstân distansjearre er him lykwols fan Oranje, en de greven fan Egmont en Hoarne, bleau er kening Filips II trou en die er syn militêre plichten ûnder Alva, mar hy hie beswier tsjin de arrestaasje fan Egmont en Hoarne.

Arenberch sneuvele yn de Slach by Heiligerlee op 23 maaie 1568, wêrnei't syn troepen de hakken opnamen. kardinaal Granvelle neamde syn dea in grut ferlies foar it leauwe en de kening.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • A.J. van der Aa, Biographisch Woordenboek der Nederlanden I (Haarlim 1852) 344-347.
  • Biographie Nationale de Belgique I (Brussel 1866) 368-380 (L.P. Gachard).
  • Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek VI (Leien 1924) 51-53 (P.J. Blok).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]