Jan-Dirk van Ravesteijn
Jan-Dirk van Ravesteijn, ( Súdlaren, 15 novimber 1967 ), is in muzikaal manager, regisseur, producer en akteur.
|
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen. |
Jan-Dirk waard mei troch syn muzikale heit, yn 1972 de jongste tambour-maître fan Nederlân. Twa jier letter spile hy de lytse tromme. Yn 1983 waard de fanfare ferruile foar gitaar en nom hy sjonglessen. Hy folge dramalessen by “De Voorziening” yn Grins. Hy rjochte de a-capella groep “Farrago” op en bewurke de nûmers fan wilen Ede Staal ta a-capella. Hjirút folgen teater- en radio-optredens. Hy song dêrnei yn de musical “West Side Story” en yn it trio “Three of a Kind”.
Omdat hy in “fak” leare moast, ferhuze hy nei Fryslân en studearre Leisure Management yn Ljouwert. By syn stúdzje bleau hy muzikaal en teatraal aktyf. De kombinaasje fan management en teater blykte letter in útkomst.
Yn 1991 wûn hy de publykspriis op it earste Liet festival mei a-capella groep “Het Tweede Perron”. Yn Ljouwert krige hy jazz-sjonglessen fan Tet Koffeman.
Yn 1995 die hy audysje foar "Jeans". Hy waard dêrnei frege de rol fan “The Balladeer” yn de musical “Assassins” te fertolkjen ûnder regy fan Frank Sanders. Nei dit útstapke besleat hy werom te gean nei it noarden.
Jan-Dirk starte de teatrale a-acapella groep “De Stembent”. Hy spile yn teaterdiners fan Pepper & Co Theaterproducties en rjochte mei Gea Struiksma yn 1998 Acta Teaterproduksjes op. Mei dit bedrijf wûn hy de tredde priis yn in starterskompetysje.
[bewurkje seksje] Aktiviteiten
Docht Marketing & PR by Rekreaasjepark Bloemketerp en is rekreaasjemeiwurker by Rekreaasjesintra Nederlân. Yn Ljouwert docht er Marketing & PR by Teater Romein en is hy organisator by stichting Frysk Strjitfestival. Sûnt 2010 is hy beëdige as trouamtner foar de gemeente Ljouwert.
Yn 2011 is Van Ravenstein fierder gien ûnder de namme Van Ravesteijn Entertainment Group. Dy organisaasje wurket fanút de Blokhûspoarte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |