Jacobus Adriaan Drijber

Ut Wikipedy

Jakobus Adriaan Drijber (Feanhuzen, 1 septimber 1862 - Voorburg, 21 july 1953) wie in Nederlânsk boargemaster.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drijber wie in soan fan Lukas Drijber en Catharina Jacoba de Jonge. Heit wie ûnderdirekteur fan de Maatskippij fan Woldiedigens. Hy wie in broer fan luitenant-generaal Sipko Drijber en in folle neef fan boargemaster Sikko Berent Drijber.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drijber begûn syn amtlike karriêre as gemeentesikretaris fan Skiermûntseach. Yn 1898 waard er beneamd ta boargemaster fan It Amelân. Dêrnei hat er noch boargemaster west fan Starum, Aenjewier (1915 - 1918) en Sliedrecht. Per 1 maaie 1931 waard him earfol ûntslach ferliend as boargemaster en waard die beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Hy troude mei 34 jier op 3 septimber 1896 yn Grins mei Theresia Wilhelmina ten Berge út Nijensleek.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: