Feanhuzen (Noardenfjild)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Protestantse tsjerke yn Feanhuzen, boud yn 82'/1826
Feanhuzen (twadde gesticht), no museum

Feanhuzen is in plak yn de gemeente Noardenfjild yn Drinte.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Feanhuzen tankt syn bestean oan de bou fan trije grutte gestichten foar bidlers, omswalkers en wezen yn it jier 1823. De Maatskippij fan Woldiedichheid woe de ermen mei arbeid weropfiede. Yn it earstoan joech men earme húshâldings út de stêden de gelegenheid frijwillich nei Drinte ta te kommen en har dêr yn koloanjes te fêstigjen. It idee hjirefter wie dat men sa as boer in nij bestean opbouwe koe. Plakken as Frederiksoard en Wilhelminaoard binne ek op dizze wize ûntstien. Omdat blykber net eltsenien út frije wil dizze oplossing kieze woe, boude de Maatskippij yn Ommerskâns en Feanhuzen grutte fjouwerkante twanggestichten.

Elk gebou joech ûnderdak oan gemiddeld 1200 finzenen, of 'ferpleechden' sa't se doe noch neamd waarden. Se waarden ûnderbrocht yn sliepsealen fan 80 minsken, dy't oerdei omboud waarden ta wurk- en ytsealen. De kenmerkende gebouwen yn Feanhuzen wurde tsjintwurdich mear en mear bewenne troch boargers dy't neat te krijen hawwe mei Justysje. Yn de jierren santich fan de tweintichste ieu waarden Norgerhaven en Esserheem omboud ta bewarplak foar swierstraften.

Trije grutte strafynrjochtings[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1859 naam de ryksoerheid de gestichten oer en makke der yn de jierren santich fan de 19e ieu rykswurkynstellings fan. Justysje boude om 1900 noch twa nije finzenissen, ûntwurpen troch Johan Frederik Metzelaar en syn soan Willem Cornelis Metzelaar: Norgerhaven en Esserheem. Heit en soan ûntwurpen dêrneist in soad bewarderswenten en tsjinstgebouwen. In diel dêrfan is wyls ferkocht, mar in grut oantal gebouwen is oant hjoed de dei besit fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst).

Yn de bosk by it dorp stiet noch in finzenis: Bankenbosch. Hjoeddeisk hat Feanhuzen dus trije grutte ynrjochtings. De lêste, Bankenbosch, moast lykwols yn 2009 har doarren slute fanwege it oerskot oan sellen yn Nederlân.

Sletten poarten[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1970 wenje der yn Feanhuzen gjin 'ferpleegden' mear. It doarp hat lykwols noch altiten trije strafynrjochtings, wêryn mei-elkoar mear as 1.000 detinearden fêstsitte. Feanhuzen is pas sûnt 1981 frij tagonklik. Dêrfoar mochten – neist de finzenen - allinnich it finzenispersoniel en harren húshâldings it doarp yn. Wa't mei pensjoen gie of in baan bûten Feanhuzen fûn, moast ferhúzje.

Monuminten[bewurkje seksje | edit source]

Yn Feanhuzen steane mear as 100 ryksmonuminten, wêrûnder de elektrisiteitssintrale, it âlde hospitaal en fansels it Twadde Gesticht: it ienige gesticht dat de tiid trochstien hat, al is ien fan de fjouwer fleugels ferdwûn. Yn dit gesticht, wêryn lange tiid detinearden tewurksteld wienen, sit tsjintwurdich it Finzenismuseum.

Munysjekompleks[bewurkje seksje | edit source]

Neist justysje hat ek it Ministearje fan definsje in munysjekompleks yn Feanhuzen. Dit munysjekompleks is ien fan de grutste yn Europa.

Brânwar[bewurkje seksje | edit source]

Om de feilichheid yn de trije grutte Penitintiêre Ynrjochtings (Esserheem, Norgerhaven, Bankenbosch) te boargjen, hie it Ministearje fan Justysje oant 2002 in eigen brânwarkorps. Yn 2002 is dit korps oernomd troch door de gemeente Noardenfjild,dêr't it no ien fan de fjouwer brânwarposten is. It Ministearje fan Definsje hat op it Munysje Magazinekompleks (MMC) noch wol in eigen bedriuwsbrânwarkorps.

Omjouwing[bewurkje seksje | edit source]

Tusken Feanhuzen en De Fochtel leit it natoergebiet it Fochtelerfean, ûnderdiel fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. It gebiet is yn de jierren '90 fan de foarige ieu twa kear hielendal troch brân ferwoaste, mar hat himsels wer opbloeie litten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]


Gemeente Noardenfjild
Haadplak | Roan |
Oare kearnen | Altena | Altevear | Een | Een-West | Feanhuzen | Langelo | Leutingewâlde | Lieveren | Matsleat | Nijtap | Nij-Roan | Noarch | Peest | Peize | Peizermade | Peizerwâlde | Roaneres | Roanerwâlde | Sandebuer | Stienbergen | Terheijl | Westerfjilde | Súdfjilde |
wizigje