Springe nei ynhâld

Ierappelrebûlje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ierappelreboelje)
Froulju mei harren bût

De ierappelrebûlje wie in rebûlje yn 1917 op de eastlike eilannen en yn de Czaar Peterbuert fan Amsterdam.

Yn it begjin fan de 20e iuw kaam der mear fiedsel ta foldwaan fan arbeiders. De Earste Wrâldkriich makke oan dizze ûntwikkeling in ein. Nederlân wie net yn oarloch, mar ûnderfûn wol hinder fan de omstannichheden. De ynfier en útfier fan allerhanne guod stûke en bôle en oar fiedsel gong op de bon. Der kamen gearkeukens en yn jannewaris 1917 kaam bôle op rantsoen.

Op 28 juny 1917, doe't der al skoftlang gjin ierdappel mear te krijen wie, waard yn de folkswiken fan Amsterdam bekend, dat der yn de Prinsengracht in skip mei ierappels bestimd foar it leger lei. De arbeidersfroulje fan de Eastlike Eilannen en de Czaar Peterbuert teagen derhinne en plonderjen it skip om harren húshâldings fiede te kinnen.

Plysje jaget op plonderers

Yn de earste wike fan july boaze de rebûlje oan, de arbeiders kamen no sels ek yn aksje en pakhuzen en winkels waarden plondere. De Amsterdamske plysje stie machteleas en it leger kaam der oan te pas. De rebûlje mûne út yn in grutte fjildslach op 5 july 1917, wêrby't militêren mei kûgels op de mannichte skeaten dy't byinoarkommen wie op it Haarlimmerplein. De opstân einige yn in moarderij dêr't 9 deaden en 114 ferwûnen by foelen.

Yn it lêste oarlochsjier 1918 soe de fiedselsituaasje yn Nederlân noch minder wurde. In protte minsken moasten op de râne fan de hongersdea libje en de wurkleasheid naam ta. De Spaanske gryp-epidemy sloech ta en easke tûzenen slachtoffers dy't troch it gebrek oan fiedsel bot ferswakke wienen. De wapenstilstân op 11 novimber 1918 kaam foar Nederlân krekt op tiid. In nije winter mei honger en kjeld foar de arbeiders waard foarkommen, lykas in driigjende revolúsje.

Betinkingsboerd út 1918

Nei oanlieding fan de rebûlje binne betinkingsboarden makke. Op ien dêrfan út 1918 dat te sjen is yn it Amsterdamsk Histoarysk Museum is doetiidsk minister fan Lânbou en Distribúsje Folkert Posthuma op koartwillige wize werjûn.