Hubertus van Hove

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It ôfskied, 1847, Teylers Museum
De breidster; Teylers

Hubertus (Huib) van Hove (De Haach, 13 maaie 1814 - Antwerpen, 14 novimber 1865 [of 1864]) wie in Nederlânsk keunstskilder.

Hy wie in soan fan Bartholomeus van Hove (1790–1880) en learaar fan in tal keunstners dy't ta de Haachske Skoalle hearre soene.

Huib van Hove krige skilderûnderjocht fan syn heit, mar ek fan Hendrik van de Sande Bakhuyzen. Yn syn heite atelier wurke er mei Johannes Bosboom en tegearre wurken hja oan tafrelen dy't Bartholomeus van Hove ûntwurpen hie foar it Keninklik Teäter yn De Haach.

Hubertus sette út ein as lânskipskilder, mar syn bêste wurk wie yn in oare styl makke. Syn foarkar fan wurkjen mei kleuren en helder ljocht is it bêst te sjen yn syn 'trochkykjes', of húslike tafreeltsjes, yn de styl fan in Pieter de Hooch, dat wol sizze fan bûtenljocht trochskynde ynterieurs. Teylers Museum hat in moai foarbyld mei 'De breidster', in skilderij mei in libbene komposysje dat in oerhingjen nei sterkere en frissere kleuren sjen lit as dat wat wenst wie yn de tiid fan Van Hove.

Under Van Hove's learlingen wiene Jacob Maris, Christoffel Bisschop, Stroebel, Maurits Leon (1838–1865 en Hendricus Johannes Scheeres (1823–1864).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: