Christoffel Bisschop

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Christoffel Bisschop (1902) troch Hendrik Johannes Haverman

Christoffel Bisschop (Ljouwert, 24 april 1828 - Skeveningen, 5 oktober 1904) wie in Nederlânsk keunstskilder.

Hy wurke yn Ljouwert by H. Schaaf. Hy ferhuze mei 18 jier nei Delft en wurke dêr by skilder W. H. Schmidt. Dêrnei bedarre er yn Den Haach by Huib van Hove mei wa't er ek yn Parys wurke. Yn 1869 boaske er syn ingelske kollega en learlinge Catherine Seaton Forman Swift (Kate Bisschop-Swift, Londen, 1834 - 1928). Sy hiene in filla yn Den Haach, 'Villa Frisia' en beide hearden ta de Hollansche Teeken-Maatschappij.

Bisschop wie ek in grut samler. Neffens syn winsk is syn samling 17e ieuske Hollânske folkskeunst yn 1908 oant 1915 oerbrocht nei it Frysk Museum. Der waarden in stikmannich stylkeamers fan ynrjochte, dy't noch hieltiten te sjen binne.

Hy makke meast portretten, sjenrefoarstellings en skildere âld Hylpener ynterieurs.[1]

It Steedlik Museum yn Amsterdam en it Haachsk Gemeentemuseum hawwe syn wurk.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.simonis-buunk.nl/verkocht/details/Christoffel_Bisschop_10263.aspx