Hoants

Ut Wikipedy
hoants
mantsjes yn pearingsfearren oan it tsieren
wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje snipfûgels (Scolopacidae)
skaai grillen (Calidris)
soarte
Calidris pugnax
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De hoants (Calidris pugnax, foarh. Philomachus pugnax) is in fûgelsoarte út de famylje fan de snipfûgels.

Oare nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare Fryske nammen foar de hoants binne de foddebosk, maaisnip en wylsterhoanne.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hoants is in sa'n 30 sm grutte greidefûgel. Yn harren briedkleed sitte de mantsjes opfallend yn de fearren mei in grutte kraag fan fearren dy't per fûgel bot ferskille kin. Fan hiele donkere, suver swarte kragen, nei brune en sels wite kragen.
By winterdeis hawwe de mantsjes itselde kleed as de wyfkes. Unopfallend brune fearren mei wat donkere skobben. De wyfkes binne ek dan wol fan de mantsjes te underskieden omdat se opfallend lytser binne.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hoants breidt foaral op de noardlike toendra's mar ek wol sompige gebieten yn de rest fan Jeraazje. De fûgels dy't yn it noardwesten fan Jeropa briede oerwinterje meist yn it binnelân fan West-Afrika, sa as bygelyks de Nigerdelta yn Maly. Op de trek nei harren briedgebieten binne de fûgels ek yn Fryslân te sjen.
As briedfûgel komt de Hoants hast net mear yn Fryslân foar. Wylst it yn de jierren fyftich noch wol aardich wat fûgels brieden binne der no noch mar inkele briedgefallen per jier.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hoants hat in tige opfallende balts. Derfoar hawwe de fûgels aparte plakken ynjochte om skyngefjochten te hâlden, de saneamde hoantseridden. Dêrby ferdigenje guon fan de mantsjes in eigen stikje grûn tsjin de oare mantsjes. De wyfkes rinne der wat omhinne om in mantsje út te sykjen. De mantsjes kinne bot aggresyf tsjininoar wêze wêrby se mei harren opsette krage inoar oanfleane.
Nei it pearjen leit it wyfke fjouwer aaien yn in kûltsje op de grûn. De aaien wurde troch allinne troch it wyfke útbret.