Hindrik van der Meer

Ut Wikipedy
Hindrik van der Meer

Hindrik van der Meer (Bantegea, 4 july 1938) is in skriuwer en útfierder fan Fryske (berne)ferskes, en in organisator fan kulturele bustochten yn Fryslân yn gearwurking mei it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hindrik van der Meer groeide op yn in muzikale boerehúshâlding yn Bantegea, as âldste fan fjouwer bern. Mem wie lid fan it pleatslike sjongkoar en skreau ferskes foar brulloften en in mânsk boek oer de minsken fan Bantegea. Heit en de fjouwer bern spilen by it pleatslike korps ‘De Harmonie’.
Hindrik folge de ûnderwizers oplieding oan de kristlike kweekskoalle yn Snits. As begjinnend ûnderwizer hat er, tegearre mei syn frou Beitske Stavenga fan 1961 oant 1962 – flak foar de oerdracht fan it gebiet oan Indonesië- wurke by de Papoea’s yn it doe-tiids Nederlands Nij Guinea. Werom yn Fryslân waard er learaar Frânsk oan de kristlike mulo te Harns. Inkelde jierren letter kombinearre hy dy baan mei de stúdzje Skoalmuzyk, earst yn Ljouwert oan de Muzyk Pedagogische Academy en letter oan it Grinzer konservatorium. Letter kaam er werom op de kweekskoalle te Snits, doe’t er dêr yn 1970 in beneaming krige as learaar muzyk. Doe’t de Pabo yn 1990 nei in fúzje ûnderdiel waard fan de Christelijke Hogeschool Noord Nederland (CHN) en nei Ljouwert ferhuze, koe er mei in regeling út it ûnderwiis stappe.

Dat er net mear les joech, betsjutte foar Hindrik van der Meer net dat er him noflik del joech yn in luie stoel. Hy hie al namme makke as inisjator fan alderhande projekten op it muzikale mêd en krige doe de tiid om noch tal fan oare ideeën op it mêd fan muzyk, taal en kultuer stal te jaan en út te fieren. De útfiering fan it bibelsk drama ‘Simson’ (1959) fan Fedde Schurer troch learlingen fan de kweekskoalle yn Snits, wie it earste ûndernimmen dêr’t Van der Meer, doe sels noch learling, it inisjatyf ta naam. De pasifistyske toan yn de haadartikels dy’t Schurer skreau foar de Friese Koerier en de wize werop’t hy de Fryske taal brûkte, makken yndruk op de jonge Hindrik. Yn 1976 skreau er muzyk by in tal fersen út de bondel De gitaer by it boek fan Schurer, dat resultearre yn it útjaan fan in langspylplaat mei de titel ‘Span de Siters, slach de trommen’, útfierd troch learlingen fan De Him (sa as de kweekskoalle yn Snits yntusken neamd wie). It blykte de opmaat te wêzen foar jierlikse nije frysktalige kulturele projekten dy’t Van der Meer yn de rin fan de jierren mei syn learlingen op tou sette. Sa hawwe se ferskeidene gelegenheids foarstellings makke, dy’t rûnom yn de provinsje opfierd waarden. Inkelde fan dy programma’s wiene: ‘De bisteboel fan omke Roel’ (1978), ynspirearre troch in liet fan Diet Huber; Dit is oare taal (1980); ‘De letterfretter’(1981) en ‘Romkje Roekenêst’(1982), beide lêste programma’s op teksten fan Baukje Wytsma en muzyk fan Hans ten Have. Ta gelegenheid fan 50 jier Fryske les yn it ûnderwiis brocht De Him de opfiering fan de musical ‘Joazef Masterdreamer’ (1987). In Fryske oersetting fan ‘Joseph and the amazing technicolor dreamcoat’ fan Tim Rice (teksten) en Andrew Lloyd Webber (muzyk). De musical is 15 kear opfierd, net allinich yn de skoalle, mar ek yn guon teaters yn de provinsje.

As muzyklearaar oan in oplieding foar ûnderwizers murk Van der Meer dat der net folle eigentiidske Fryske berneferskes wiene. Hy foarseach yn dat ferlet troch sels ferskes te skriuwen en op muzyk te setten. Yn deselde tiid, midden jierren santich, sette Radio Fryslân útein mei skoalleradio-útstjoerings. Sy fregen Van der Meer om lietsjes foar bern te meitsjen en dy mei studinten út te fieren yn de studio. Omdat de earste opnames yn de simmerfakânsje foelen, song de famylje Van der Meer, heit, mem en de fjouwer âldste bern, de jongste soan moast noch berne wurde, de ferskes sels yn. Dat slagge sa goed, dat se it by de Omrop graach sa hâlde woene. It resultearre nei ferrin fan tiid yn optredens rûnom yn it lân, en in optreden foar de Dútske tillefyzje. Tsien jier lang hawwe se sa optredens fersoarge. Der binne trije platen (letter cd’s) mei byhearrende boeken mei bernelieten útbrocht troch de famylje Van der Meer: Kwek kwek minemyn (1976), Hup sûpengroattenbrij (1980) en Retteket Tsjyng Boem (1992).

Ien fan de doelen dy’t Hindrik van der Meer altyd foar eagen stien hat, wie om in hiele protte minsken, mei ferskillende eftergrûn, op in sa ûntspannen mooglike wize yn kontakt te bringen mei de Fryske taal. ‘Ambassadeur’ wêze foar it Frysk, dat hie er himsels as opdracht meijûn.
Allinnich, of tegearre mei syn frou, hat er sa troch de jierren hinne hiel ferskate inisjativen ûntwikkele en ta stân brocht. Om mear Frysk yn tsjerke te krijen organisearren Hindrik en Beitske begjin jierren santich ‘kryst-speel-ins’ yn Goëngea. Mei meiwurking fan sawat it hiele doarp waard nije Frysktalige krystmuzyk ynstudearre en opfierd. Oant healwei de jierren tachtich hawwe de ‘speel-ins’, mei meiwurking fan in hiel soad gelegenheidssjongers en muzikanten, plakfûn.

In folgjend projekt wiene de literêre busreizen. De earste yn 1990, wie organisearre yn it ramt fan it Frysk Festival en hie as tema’s de bruorren Halbertsma en Fedde Schurer. De tocht wie in sukses en de minsken fregen nei mear. De Van der Meers diene dy earste jierren de organisaasje en administraasje sels, mar omdat dat úteinlik dochs wat tefolle tiid frege naam it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert, ek ûntstien út in inisjatyf fan Van der Meer, dat fan harren oer. 15 jier hawwe se tegearre sa’n 12 bustochten yn ‘t jier holden en om en de by 7000 minsken op in ûnderhâldende wize yn ’e kunde brocht mei it Fryske lânskip, skriuwers, dichters en muzikanten.

Underwilens wie it boek Goaiïngea, it ferhaal fan in doarp, ferskynd. It boek, skreaun oer de skiednis fan it doarp en de Legeaën, is útjûn ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan doarpsbelang (1995). Van der Meer sette it op mei gâns meiwurkers út it eigen doarp, hy skreau sels en wie einredakteur.
Dêrnjonken joech er lieding oan de sjongploech ‘Auke Roukes’ (1991). It koar dat santich leden telde út de hiele Legeaën, song lieten út ‘Fryslân Sjongt’ en gâns nije lieten, faak fan de hân fan Van der Meer. In tal dêrfan steane op twa cd’s: ‘Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge’ (2000) en ‘Lit dyn eigen taal net swije’ (2005). Yn 2006 hat it koar mei in ôfskiedsreis troch Denemarken in punt efter har bestean set. Yn eigen behear joech er yn 1981 it dichtbondeltsje Fêstlizze, út. As lid fan de Musikologyske Wurkgroep fan de Fryske Akademy wie er belutsen by de 10e fernijde printinge fan Fryslân Sjongt (1996) en de twadde fernijde printinge fan Sjong mar ta (1987). Foar it MSU, it mienskiplik sintrum foar it ûnderwiis, wurke er mei oan it bondeltsje mei bewegings- en sjongspultsjes Kom mar yn ’e rûnte (2002).

Hindrik van der Meer is ek warber op it mêd fan de tsjerkmuzyk. Tegearre mei dichter/skriuwer Eppie Dam fan Balk makket Hindrik van der Meer fernijende liturgyske sjongstikken. Dam skriuwt de teksten en Van der Meer komponearret de muzyk. Se meitsje likegoed Hollânsktalige as Frysktalige sjongstikken. De earste ‘Eén zwaluw maakt zomer’, is fan 1993, de tolfte, mei de titel ‘Wurden fan ’e berch’, waard yn 2008 presintearre.
Dêrnjonken komponearre Van der Meer de muzyk by in tal musicals oer persoanen út de Bibel. Hy die dat yn ’e mande mei tekstskriuwers Folkert Verbeek en Jeltsje Gerbrandy. Mei har trijen hawwe se sjongstikken makke oer Ruth (2002) en oer Jona (2007). Yn 1996 skreau Van der Meer sels de tekst en de muzyk fan de musical ‘Joazef”, útjûn yn 2008. Ek yn lanlike fermiddens hat Van der Meer bydragen levere op it mêd fan fernijende liturgyske muzyk.
Tusken 1991 en 1997 wie Van der Meer belutsen by de berne-iepenloftspullen fan Jorwert en letter, Easterwierrum. Hy makke lietteksten, komponearre de muzyk en studearre de lieten yn mei de bern. Tegearre mei Geartsje Douma fan De Pein, dy’t de teksten fan de ferskes skreau, hat Van der Meer 2 tekstboeken cd’s produsearre ûnder de titel Deuntsjes foar dy 1 en 2 mei 107 nije ferskes foar beukers.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lieteboeken foar bern
  • 1976 : Kwek kwek minemyn (2e printinge 1978)
  • 1978 : Hup sûpen grottenbrij
  • 1992 : Retteketet tsjyng boem (2e printinge 1995, 3e 1998)
  • 2000 : Deuntsjes foar dy 2000 (2e printinge 2002)

Platen en cd’s[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1976 : Span de siters, slach de trommen (lieten op teksten Fedde Schurer)
  • 1976 : Kwek kwek minemyn (tekstboek + lp, famylje Van der Meer)
  • 1980 : Hup sûpengroattenbrij (tekstboek + lp, famylje Van der Meer)
  • 1982 : Hege Wier Tsien: Fryske folkslietsjes ( lp famylje Van der Meer)
  • 1987 : Joazef Masterdreamer (lp) letter in cd
  • 1991 : Delen in vieren Ynternasjonale tsjerkelieten mei “Beppe’s Bril”
  • 1992 : Retteketet Tsjyng Boem (tekstboek + 2 cd’s, famylje Van der Meer)
  • 1995 : Eén zwaluw maakt zomer (boekje en cd: teksten fan Eppie Dam, útfiering Beppe’Bril)
  • 2000 : Sjoch nei de leeljes (Slotfiering 2000 Ried fan Tsjerken Ljouwert) Tekst Eppie Dam
  • 2000 Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge? (mei Auke Roukes)
  • 2001 : Deuntsjes foar dy (yn’e mande mei Geartsje Douma, tekstboek + 2 cd’s)
  • 2005 : Lit dyn eigen taal net swije (mei Auke Roukes)
  • 2007 : In genereus pardon (Tekst en meldij foar de manifestaasje generaal pardon Ljouwert)

Sjongstikken: teksten Eppie Dam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1993 : Eén zwaluw maakt zomer
  • 1994 : Komen als geroepen
  • 1994 : Hoe sille wy fan frede sjonge?
  • 1995 : Uit hetzelfde hout gesneden
  • 1996 : Ik zie, ik zie wat jij ook ziet
  • 1997 : Hannah en de omgekeerde wereld
  • 1998 : Minsken fan ’e dei
  • 1999 : Hoe zullen wij van vrede zingen? (oersetting: Jan Popkema)
  • 1999 : De mantel van geef-door
  • 2000 : Weg van de psalmen
  • 2003 : Clamantis en de amandelboom
  • 2006 : De keunst fan it libben
  • 2008 : Wurden fan de berch

Musicals[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1996 : Joazef Masterdreamer
  • 1998 : Poche en blaze (foar de muzykferiening Easterein)
  • 2002 : Ruth
  • 2007 : Jona

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]