Himriksmole

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Himriksmole yn 2008

De Himriksmole is in mealreeë spinnekopmole dy't oarspronklik om 1600 hinne boud waard foar it bemeallen fan de Himrikspolder by Huzum. Yn 1952 waard de mole oerbrocht nei Ryptsjerk, wêr't hy in skoft yn de buert fan pleats Wielsicht tichtby de Ryptsjerkster Feart stie. De Himriksmole waard yn 1976 fersetten nei syn hjoeddeiske plak yn it natuer- en rekreaasjegebiet De Griene Stjer, wêr't hy tsjinst docht as ynmealler. Sûnttids wurdt hy ek wol De Griene Stjer neamd. Troch brânstifting waard de Himriksmole yn 1995 hast hielendal ferwoaste, mar hy waard it jier dêrop werboud.

Fan 1971 oant 1979 wie de Himriksmole yn it besit fan de Stifting De Fryske Mole. Tsjintwurdich is hy eigendom fan de gemeente Ljouwert. De mole is net te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]