Springe nei ynhâld

Herre Hooghiemster

Ut Wikipedy

Herre Hooghiemster (Akkrum, 26 maart 1946) is in byldzjend keunstner.

Nei syn oplieding oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert gie er nei de Akademy Minerva yn Grins. Makke benammen skilderingen, wêrûnder muorreskilderingen. Wurket yn psychedelyske trant. Makke ek stúdzjereizen nei Súdeast-Europa en Turkije (1966), Stonehenge (1971) en Yndia (1972). Syn wurk ferbyldet de striid fan de siel om him te befrijen fan it ego. Skilderjen is foar him in foarm fan meditaasje. As oanfolling op de útspraak fan Leonardo da Vinci dat "it skilderij de spegel fan de siel is", seit er: "mar it is it tinken dat it byld foarmet. Dat is de tragyk fan de keunstner. De wierheid lit him net ferbyldzje."

Hy wennet weromlutsen yn Frankryk. Wurk fan him waard oankocht troch de provinsje Fryslân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: