Henry Morton Stanley
Ut Wikipedy
Sir Henry Morton Stanley (1841-1904), berne as John Rowlands wie in Britsk sjoernalist en ûntdekkingsreizger. Hy krige yn 1870 fan de New York Herald opdracht om David Livingstone op te spoaren yn Afrika. Hy trof dizze oan by de Tangajikamar yn 1871. By lettere reizen stelde hy de rin fan de Kongo rivier fêst en hie in wichtich oandiel yn de stifting fan ûnôfhinklike Kongosteat. Syn lêste reis late ta de stifting fan it Britske Eastafrika protektoraat Kenia.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Henry Morton Stanley fan Wikimedia Commons. |