Hawker Typhoon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hawker Typhoons Mk IB fan it 56. Squadron

De Hawker Typhoon wie in jachtfleanmasine - bommenwerper yn tsjinst by de RAF yn de Twadde Wrâldkriich. It wie de opfolger fan de Hawker Hurricane en waard, lykas syn foargonger, ûntwurpen troch Sydney Camm yn 1937. It wie yn't earstoan de bedoeling dat it in ûnderskeppingsjager wurde soe, mar yn 1943 die bliken dat it tastel syn gelikense as jacht-bommewerper net hie.

It tastel syn earste flecht wie op 24 febrewaris 1940. Sawol yn de test- as de operasjonele fase wiene der in protte swierrichheden, dat it Ministearje fan Loftfeart tocht deroer om it tastel út tsjinst te heljen. Hawker ûntdekte it probleem lykwols op'e tiid: metaalwurchens yn in lask fan it efterste part fan de romp.

Dat dit type sa'n bêste jachtbommesmiter wie, siet him yn syn hege faasje dy't er op lege en midshichten helje koe (602 km/h op 1600 m), sadat it in gaadlik tastel foar hit and run-oanfallen wie en ek mei súkses ynset wurde koe tsjin de Focke-Wulf Fw 190 doe't de Dútsers yn 1941 Britske kustynstallaasjes oanfoelen.

Benammen doe't de Typhoon mei de betroubere Sabre IIA motor útrist waard koe it offensive taken ferfolle en de Dútske jagers en loftôfwar berinne.

De Tyhoon wie ek it earste alliearde tastel dat (net-late) loft-nei-grûn raketten krige (1943). It spile in wichtige rol yn de tarieding fan de lâning yn Normandje en de operaasjes dêrnei. Twadde helte 1944 kaam de modernere de Hawker Tempest, mar de hieltiid oanpaste Typhoon hat oant de ein fan de kriich ta tsjinne.

Dit tastel hat teffens tsjinne by de loftmacht fan Austraalje, Kanada en Nij Seelân.


Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

Feiten Hawker Typhoon Mk. IB
Lingte: 9,73 m
Spanwiidte: 12,67 m
Hichte: 4,66 m
Motor: Ien 24-sil.-H-Motor Napier Sabre fan 2.200 HK
Heechste faasje: 656 km/h op 6.250 m
Fleanberik: 1.570 km
Bemanning: 1
Tsjinstplafond: 10.730 m
Leechgewicht: 4.100 kg
Fleangewicht: 5.100 kg
Bewapening: Fjouwer 20-mm-Kanons, twa 227- of 454-kg-Bommen,
of acht raketten

Fergelykbere typen[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]