Harry Mulisch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Harry Mulisch

Harry Kurt Victor Mulisch (Haarlim, 29 july 1927 - Amsterdam, 30 oktober 2010) wie ien fan 'e wichtichste Nederlânske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldkriich.

Mulisch, soan fan in Eastenryksk-Hongaarske heit dy't kollaborearre yn de Twadde Wrâldoarloch en in Dútsk-Joadske mem, waard grutbrocht yn dy oarloch, dy't tige ynfloed op him en syn skriuwerij hân hat. Yn 1947 ferskynde syn earste ferhaal (De kamer), yn 1952 folge syn earste roman: archibald strohalm. In soad boeken folgen, lykas Het stenen bruidsbed (1959), Twee vrouwen (1975), De aanslag (1982) en De ontdekking van de hemel (1992). Syn lêste roman wie Siegfried, ferskynd yn 2001. 'Magysk-mytysk' is in protte brûkte oantsjutting fan in grut part fan Mulich syn oeuvre.

Mulisch syn hâlden en dragen waard faak omskreaun as arrogant, dat, en syn stipe oan it Kuba fan Fidel Castro kaam him op krtyk fan guonts te stean. Hy jildt as ien fan de wichtichste nei-oarlochske Nederlânske skriuwers en wurdt ta "De Grutte Trije" fan de Nederlânske literatuer fan nei de oarloch rekkene, wêr't ek Willem Frederik Hermans en Gerard Reve by hearre. Mulisch wûn in grut tal literêre prizen, lykas de Priis fan de Nederlânske Letteren en de P.C. Hooft-priis, beide foar syn hiele oeuvre. De ontdekking van de hemel waard 2007 útroppen ta it bêste Nederlânskstalige boek fan alle tiden. Yn oktober 2010 stoar de auteur yn'e âldens fan 83 jier oan kanker.

Wichtige skriuwersprestaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harry Mulisch hat in grut tal ferneamde en nei oare talen oersette boeken skreaun, wêrfan't der ek in protte in priis wûn haw, hjir in gronologyske list dêrfan:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]