Harinxmalân

Ut Wikipedy
Lizzing Harinxmalân

Harinxmalân is in wenwyk yn de stêd Snits. De wyk wurdt sûnt 2010 oanlein en hat in oerflakte fan 160 hektare.

Lizzing en berikberheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk grinzet nei it noarden ta oan de Kleasterwei, nei it easten ta oan Skearnegoutum, nei it suden ta oan De Lotten en nei it ta westen oan Ysbrechtum. De wyk leit oan de Stedsrûnwei Noard. Wetterwegen yn de wyk binne de Frjentsjerter Feart (westgrins) en de Swette oan de eastkant. De Swette wie oarspronklik de eastgrins, mar der hat in útwreiding west mei vrijkaam lân krekt benoarden it oarspronklike stik fan de Noardwei, eastkant fan de Swette, dêr't yn 2019 boud wurde sil.

Histoarje en bebouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oanlis fan Harinxmalân begûn yn 2010 en bestiet út twa fazen. Faze 1 rint oant 2020 en bestiet út de oanlis fan 41 hier- en 39 keapwennings oan de eastkant dan de wyk. Faze 2 start nei de ôfrûning fan faze 1 en bestiet út mear as 1.200 wenningen. Dit part wurdt boud tusken it spoar en de Swette, tsjin de wyk De Swette oer. De ûntwikkeling fan de twadde faze is ôfhinklik fan de wenningmerk. Dit is it part bewesten it spoar, tsjin de wyk De Lotten oer. De ferhier fan de wenningen is yn hannen fan Accolade.

Yn de wyk is in soad wetter en grien te finen. Harinxmalân is in duorsume wyk, wat ynhâldt dat der omtinken is foar duorsum wetter- en enerzjyferbrûk en duorsume enerzjyopwekking.

De wyk is neamd nei it yn Snits ynfloedrike laach Harinxma en harren foarhinne op dizze lokaasje steande Harinxmastate.

Foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
wizigje