Hajravank

Ut Wikipedy
Hajravank

Հայրավանք

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
Provinsje Gecharkûnik
plak Noardeastlik fan it doarp Hajravank
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 9e oant 12e iuw

Hajravank' (Armeensk: Հայրավանք) is in kleaster út de 9e oant 12e iuw noardeastlik fan it doarp Hajravank oan de súdwestlike kust fan de Mar fan Sevan yn de Armeenske provinsje Gecharkûnik. It kompleks bestiet út in tsjerke, in kapel en in gavit.

Om it kompleks leit in lyts tsjerkhôf mei tal fan chatskars en grêven. Noardwestlik fan it kleaster binne de resten fan in fortifikaasjes en de fûneminten fan in delsetting, dy't fan de brûnstiid oant de midsiuwen datearje. Argeologysk ûndersyk brochten tal fan saken oan it ljocht út sawol de brûnstiid as de izertiid. De gebouwen binne oerdutsen mei koarstmoas, dat it kompleks in read-oranje kleur jout.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chatsjkar's

De 9e-iuwske tsjerke hat in plattegrûn fan in fjouwerpas mei fjouwer healrûne apsissen dy't inoar kruse om sa trompen te realisearjen foar de achthoekige tamboer en de koanyske koepel. Yn de 10e iuw waard in lytse kapel tafoege, dy't fanút de súdeastlike hoeke fan de tsjerke tagonklik is. De bou fan de gavit fûn plak yn de 12 iuw en dêrmei waard it kleaster foltôge. Ut de gavit wei liedt in portaal nei de tsjerke; der wurdt oannommen dat dat portaal earne yn de 12e-13e iuw tafoege is. Oan de súdlike kant fan de tsjerke is noch in twadde yngong.

Tsjerke, gavit en kapel

De struktuer fan de bûtenmuorren fan de tsjerke ferskille fan de rest fan it kompleks om't dêr ûnregelmjittige brokken stien yn de gevels ferarbeide binne.

De tamboer en koepel binne by in restauraasje fan 1977 oant 1989, nei't de oarspronklike koepel earder ynstoart wie, wer opboud.

Om de tsjerke hinne steane in tal chatsjkar's, keunstsinnich bewurke grêf- en betinkingsstiennen. Fan de oare gebouwen, lykas de wenferbliuwen, de bibleteek, de skoalle ensafuorthinne, bleau neat bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: