Gustave Courbet

Ut Wikipedy
Selsportret fan Gustve Courbet

Gustave Courbet (Ornans, 10 juny 1819La Tour-de-Peilz (Switserlân), 31 desimber 1877) wie in Frânsk realistysk skilder, dy't as in foarrinner fan it ympresjonisme sjoen wurdt. Hy nimt in grut plak yn yn njoggentjinde-iuwske Frânske skilderkeunst, fral as fernijer en skilder dy't ree wie om in grutte sosjale krityk yn syn wurk te leverjen.

Situearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Courbet skildere taferielen út it deistich libben, neakens (ûnder mear it tige dryste L'origine du monde) en fariearre lânskippen. Yn 1844 waard syn selsportret, Courbet mei swarte hûn, akseptearre troch de ynfloedrike Paryske salon. Yn it earste wurk fan Courbet wie in odalisk [1] faak it ûnderwerp, foarsteld troch Lélia fan Victor Hugo. Al gau ferliet er lykwols de literêre ynfloeden en begûn syn skilderijen te basearjen op de wurklikheid. Syn ynfloed op de Frânske skilderkeunst fan de njoggentjinde iuw wie grut. It fernijende oan syn wurk wie it realisme: taferielen út it deistich libben waarden haadûnderwerp en op grut formaat ôfbylde lykas stienhouwers of in begraffenis. In soad skilders folgen syn (realistyske) wurkwize, bygelyks Paul Cézanne. Claude Monet naam yn syn skilderij Le dejeuner sur l'herbe in portret fan Courbet op.

Troch reizen nei Nederlân en Belgje yn 1846-1847, waard syn realistyk byld fersterke troch it wurk fan ûnder oare Rembrandt en Frans Hals.

It hjirby ôfbylde skilderij It atelier fan de skilder is hast 6 meter breed. Dêrby makke er de wurklikheid net moaier as se wie, lykas in soad fan syn tiidgenoaten, mar liet it skilderij foar himsels sprekke. Dat late hieltiten ta skandalen yn it Frânske kulturele libben.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. In slavinne/konkubine út de harem fan de Turkske sultan