Gruttere Himelfearttsjerke (Moskou)

Ut Wikipedy
Gruttere Himelfearttsjerke

Большое Вознесение

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 35' E
Arsjitektuer
boujier 1798-1816
boustyl Empire
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771410414840006
Webside
bolshoevoznesenie.ru
Kaart
Gruttere Himelfearttsjerke (Moskou)
Gruttere Himelfearttsjerke

De Gruttere Himelfeartsjerke (Russysk: Большое Вознесение; Boltsjove Voznesenije) is in otterdokske tsjerke yn Moskou. Om betizing mei in tichtebylizzende tsjerke mei deselde namme tefoarren te kommen is it wurd "gruttere" yn 'e namme opnommen. De parochy falt ûnder it sintrale dekanaat fan it bisdom Moskou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste fermelding fan in tsjerke op dit plak datearret út 1619. Dat wie doe noch in houten tsjerke. Yn 'e jierren 1685-1689 waard op it plak in nije stiennen tsjerke boud. De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1798 en 1816 boud. Nei de grutte brân fan Moskou yn 1812 baarnde de noch net foltôge tsjerke ôf. Utsein de klokketoer waard de tsjerke neffens nije tekeningen fan Afanasy Grigorjev en Fjodor Michailovitsj Sjestakova wer opboud. Aleksander Pûsjkin boaske yn 1831 yn 'e refter fan 'e tsjerke mei Natalia Gonsjarova. Yn 1830 foege Osip Ivanovitsj Bove de portiko's oan 'e noardlike en súdlike gevels ta en earst yn 1845 wie de tsjerke klear.

De âlde 17e-iuwske klokketoer yn 1882 (N.A.Naidenov).

In soad parochianen fan 'e tsjerke kamen út de bettere fermiddens en wiene fertsjintwurdigers fan 'e yntelliginsia, de adel en hannelslju. Yn 1863 wie hjir de begraffenis fan d'e bekende Russyske toanielspiler Michail Semjonowitsj Sjtsjepkin en yn 1928 dy fan 'e aktrise Marija Nikolajevna Jermolova. Op 13 novimber 1917 waard de begraffenis holden fan 'e kadetten en ofsiers, dy't ûnder de bolsjewistyske opskuor yn 1917 by de striid it libben lieten. Yn 1920 lies de operasjonger Fjodor Sjaljapin yn 'e tsjerke út it evangeelje by de brulloft fan syn dochter Irina.

De tsjerke ûnder it Sovjet-tiidrek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oktoberrevolúsje bleau de tsjerke noch iepen oant 1931. Ear't er ûnder fertochte omstannichheden ferstoar, fierde patriarch Tichon yn 'e Himelfearttsjerke foar it lêst yn syn libben in Godlike Liturgy. Nei't de tsjerke sletten waard yn 1931, waard de tsjerke oanpast oan in nije bestimming. De ikonostaze waard ôfbrutsen en de ikoanen noch yn 'e tsjerke sels ferbaarnd, der waarden flierplaten lein, muorren oerskildere en oare muorren boud. De âlde 17e-iuwske klokketoer, it iennichste oerbliuwsel fan in eardere tsjerke op it plak, waard yn 1937 ôfbrutsen en ferfongen troch in stânbyld fan Aleksej Tolstoj (de "Reade Graaf"). Yn 'e jierren 1960 krige in enerzjybedriuw it gebou yn hannen en letter tsjinne it gebou as konserthal.

De weromjefte oan de Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 waard de tsjerke werom jûn oan de Russysk-otterdokske Tsjerke en sûnt 23 septimber fan dat jier waarden der wer tsjinsten fierd. Tagelyk waard der in begjin makke oan 'e restauraasje fan it ynterieur en yn 'e jierren 1993-1994 waarden de gevels ûnder hannen nommen.

Oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke waard yn de jierren 2002-2004 in nije, 61 meter hege klokketoer boud. It is gjin rekonstruksje fan 'e âlde 17e iuwske klokketoer, mar in ûntwerp op basis fan in net realisearre plan fan de 19e-iuwske arsjitekt F.N. Sjestakov.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Большое Вознесение