Grutte Pier Brouwerij

Ut Wikipedy

Grutte Pier Brouwerij is in bierbrouwerij yn Wyns en is oprjochte yn 2014 troch Frans Filius, Menno Feenstra en Michelle Beerstra. De brouwerij is ferneamd nei de Fryske folksheld Grutte Pier.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brouwerij waard offisjeel iepene op 15 novimber 2014. De inisjatyfnimmers efter de brouwerij binne Frans Filius, Renze Bil, Menno Feenstra en Michelle Beerstra dy 't inoar kenne fan Speciaalbiercafe de Markies. Oant begjin 2020 wie de brouwerij allinnich aktyf as brouwerijhierder en waard der ûnder oare brouwd by Bax Brouwerij yn Grins en Admiraals Bierbrouwerij yn Aldtsjerk.

Yn Ljouwert wie oan de Slauerhoffwei de opslach en tonneseal, oant der yn 2020 in eigen broubuorkerij ynrjochte waard yn Wyns. De brouwerij hat dêr de beskikking oer in lytse ynstallaasje.

Hjoed-de-dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Brouwboerderij Bartlehiem wurde de nije bieren ûntwikkele en de wylde bieren broud lykas de Bretttûne. Dêrneist wurde der gearkomsten en rûnliedings organisearre yn it proeflokaal en kin der bier kocht wurde yn de winkel. Ek kin der online besteld wurde fia de webshop.

Sûnt 2023 wurde de bieren in België broud.

De trochnûmere mingelingen fan de bretttûnes binne ferdwûn, dêrfoar yn it plak komt de line fan Wilde Vrienden. De Kracht in de Nacht 2023 edysje is de lêste dy't makke is. Hjirfoar yn it plak komt in Stout.

Assortimint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Grutte Pier Blond
  • Grutte Pier Witbier
  • Grutte Pier Dubbel
  • Grutte Pier Tripel
  • Grutte Pier Quadrupel
  • Grutte Pier Lentebier
  • Grutte Pier Kracht in de Nacht
  • Grutte Pier Friese Boezem
  • Grutte Pier Bock
  • Grutte Pier Jûkelburd
  • Bretttûne
  • 541 IPA
  • 542 Honing Blond
  • Quad Stout Aguardiente Sauterness rode wijn
  • Twiljocht - amber, makke foar it Noardelik Film Festival yn De Harmonie yn Ljouwert
  • Saison Het Begin
  • Saison Droog
  • Saison Amber
  • Tripel Puur mei koriander

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]