Springe nei ynhâld

Grutte Brân fan Smyrna

Ut Wikipedy
It begjin fan de brân

De Grutte Brân fan Smyrna (Gryksk: Καταστροφή της Σμύρνης; Ramp fan Smyrna; Turksk: 1922 İzmir Yangını, Brân fan Izmir yn 1922; Armeensk: Զմիւռնիոյ Մեծ Հրդեհ) ferwoastge yn septimber 1922 in grut part fan de havenstêd Smyrna, it hjoeddeiske Izmir.

Neffens tsjûgen begûn de brân op 13 septimber 1922. De brân waard oanstutsen nei't Turkske troepen op 9 septimber 1922 it Turkske bestjoer oer de stêd op 'e nij ynstelden, nei't earder Grykske striidkrêften trije jier earder op 15 maaie 1919 oan lân kamen. Op 22 septimber 1922 kaam der in ein oan it alles fertarjende fjoer. It tal Grykske en Armeenske boargerslachtoffers troch de brân wurdt rûsd op 10.000 oant 100.000.

Om oan it fjoer te ûntkommen flechte de Grykske en Armeenske befolking fan de stêd nei de kaai, dêr't hja ûnder tige drege omstannichheden twa wiken lang bliuwe moasten. Turkske troepen ferlearen de ynearsten oanwêzige dissipline en begûnen harren dêrnei skuldich te meitsjen oan wreedheden en moardpartijen ûnder de kristlike befolking fan de stêd. Foar de stêd leine alliëarde skepen, dy't net yngrepen en wêrfan't de bemanning op ôfstân taseagen en ferslach diene.

It fjoer liet neat oer fan de Grykske en Armeenske stedsdielen, wylst de islamityske en joadske wiken sparre bleaune. De net-Turkske boarnen lizze de ferantwurdlikens foar de brân by Turkske soldaten, dy't hûzen en saken fan de kristlike befolking yn 'e brân stieken. Tradisjonele Turkske boarnen wolle lykwols hawwe dat de Griken en de Armenen sels de brân stiften.

De stêd foar de ramp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smyrna wie ien fan de meast bloeiende stêden yn it Ottomaanske Ryk. Oant 1922 bestie de befolking fan de stêd út Griken, Turken, Armenen, Joaden en ynwenners mei woartels yn de Levant. Ofhinklik fan de boarne foarmen de Griken en oars de Turken de mearderheid fan de befolking. Ottomaanske sifers fan 1905 neame 100.356 moslims, 73.646 otterdokske kristenen, 11.127 Armeenske kristenen en 25.854 ynwenners fan in oare tsjerklike rjochting. Neffens de Amearikaanske histoarikus Katherine Elizabeth Flemming wie it Grykske befolkingsoandiel yn de jierren 1919-1922 150.000. Dêrmei foarmen de Griken krekt minder as de helte fan de totale befolking mar mei in ferhâlding fan ien op twa in folle gruttere mienskip as de Turken. Henry Morgenthau, de Amearikaanske ambassadeur út dy tiid yn it Ottomaanske Ryk, sei dat mear as de helte fan de befolking fan Smyrna bestie út Griken. De Amearikaanske konsul yn Smyrna út dy tiid, George Horton, skreau dat foar de brân de stêd 400.000 ynwenners hie: dêrfan wiene 165.000 Turken, 150.000 Griken, 25.000 joaden, 25.000 Armenen en 20.000 bûtenlanners (benammen Italjanen, Frânsen en Britten).

Meardere gelearden stelle dat yn Smyrna mear Griken wennen dan yn Athene, de haadstêd fan Grikenlân. De Ottomanen joegen fanwegen it grutte tal Griken en oare net-moslims de stêd de bynamme Gavur Izmir, itjinge it "ûnleauwige Izmir" betsjut.

De Gryksk-otterdokske biskop Chrysostomos

De Turkske troepen komme yn Smyrna oan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Grykske troepen Smyrna ferlieten op de jûn fan freed, 8 septimber, besetten Turkske troepen de stêd. De Griken en Armenen hoopten dat de oanwêzigens fan alliëarde skepen foar de kust der oan bydroegen dat de Turkske troepen harren net skuldich meitsje soene oan wreedheden tsjin de kristenen, en ynearsten like dy hope út te kommen want de troepen holden harren yn en der fûnen yn it earstoan gjin ûngeregeldheden plak. In diel fan de bemannning fan de alliëarde skepen gyng oan lân om dêr te passen op de diplomatike posten, mar it waard de bemanning dúdlik makke neutraal te bliuwen en net tuskenbeide te kommen yn it gefal as der geweld útbrekke soe.

Op 9 septimber begûnen de Turkske troepen systematysk mei it bedriigjen fan de Armeenske mienskip troch harren winkels en hûzen te plonderjen, manlju en froulju fan inoar te skieden en de froulju te misbrûken. De Gryksk-otterdokske biskop Chrysostomos waard tamtearre en deaslein troch in Turkske binde, wylst Frânske soldaten op ôfstân tasjen moasten om't hja fan harren ofsier net yngripe mochten. De Armenen sochten skûl wêr't hja mar koene, lykas yn de Amearikaanske en Europeeske wiken. Guon fûnen plak op it terrein fan it American Collegiate Institute en oare ynstellings, mar in soad Amearikanen en Europeanen wiene ek benaud de relaasjes mei it Turkske regear te bedjerren en wegeren dêrom help te jaan.

De Turkske razernij trof ek bûtenlânske boargers. Sa waard op 9 septimber de Nederlânske hannelsman Otto de Jongh mei syn frou troch de Turkske kavalery fermoarde, wylst earne oars in âlde Britske dokter yn syn hûs deaslein waard om't hy besocht it skeinen fan in tsjinstfaam tefoarren te kommen.

De earste brân ûntstie op 13 septimber let yn de middei, fjouwer dagen nei't it Turkske leger de stêd binnenteach. It Armeenske stedsdiel (tsjintwurdich de Basmane-wyk) wie it earst oan bar. De brân wist gau it paad te finen nei oare plakken. Turkske soldaten brûkten brânstof om it fjoer oan te wakkerjen en de wyn en brek oan minsken en materjaal om it fjoer te dwêsten diene de rest. Neffens de Britske skriuwer Giles Milton yn syn wurk "Paradise Lost (Smyrna 1922)":

Ien fan de earste minsken dy't it ûntstean fan de brân ûntdieken wie frou Minnie Mills, de direktrise fan it American Collegiate Institute for Girls. Hja hie it iten krekt dien doe't hja seach dat yn ien fan de gebouwen yn de buert brân wie. Se stie op om it better te sjen en rekke hielendal fan 't sintrum fan wêr't hja tsjûge wie: "Ik seach my eigen eagen dat in Turksk ofsier it hûs mei blikken brânstof yngyng en yn in pear minuten it fjoer yn it hûs oplôge". Hja wie net de iennige yn it ynstitút dy't it ûntstean fan de brân seach: "Us ûnderwizers en de famkes seachen Turken yn soldatenunifoarm en guon ek yn it unifoarm fan in ofsier, dy't lange stokken mei lapen oan it ein brûkten en de lapen fan brânstof foarseagen om sa it fjoer yn de hûzen te fersprieden.

Ek oaren wiene tsjûge fan Turken dy't fjoer stiften. Claflin Davis fan it Amearikaanske Reade Krús seach Turken brânstof oer de strjitten jitten om sa it paad fan it fjoer te lizzen. De direkteur fan Credit Foncier Bank of Smyrna seach Turken gebouwen yn 'e brân stekken en doe't hy frege wat hja fan plan wiene, seine hja dat hja oarders útfierden om alle hûzen yn it gebiet op te blazen en del te baarnen. De brânwar die al it mooglike om de brannen te dwêsten, mar it wiene der sa'n soad, dat der gjin hâlden oan wie. Twa mannen fan de brânwarbrigade tsjûgen letter by it rjocht dat Turkske soldaten it fjoer yn de gebouwen oanstieken. Doe ien fan dy mannen him by de Turken dêroer beklage, sei in Turkske soldaat: "Jimme hawwe jimme oarders, en wy de uzes. Dit hjir binne Armeenske eigendommen en wy hawwe de opdracht krige om alles yn de brân te stekken.

It fjoer twong de minsken te flechtsjen nei de kaai, dy't fan it westlike ein fan de stêd nei it noardlike ein rûn. De Amearikaanske kapitein Japy Hepburn beskreau de panyk op de kaai:

De baarnende stêd
Doe't ik werom kaam op strjitte seach ik de grutte mannichte dy't foar de brannen flechte. De flechtlingen dy't ynearsten harren heil socht hiene yn tsjerken en oare bouwurken sochten no in útwei yn de rochting fan de wetterkant. De massa minsken waakste stadich oan mei minsken dy't harren hûzen ferlitte moasten om't it fjoer ek dêr oanbelâne... It begûn no te tsjusterjen. De kaai wie al groatfol mei tsientûzenen benaude minsken, dy't harren sûnder doel tusken it ynklearringskantoar en de noardlike punt bewogen. Noch jimmeroan groeide de stream minsken mei nije flechtlingen, oant de hiele wetterkant op ien grutte minskenmassa like.

De hjittens fan de brân wie sa fûleindich, dat Hepburn yn noed siet oft de flechtlingen it der wol libbe ôfbringe soene. De sitewaasje fan de flechtlingen op 14 septimber waard troch de Britske luitenant A.S. Merrill beskreaun, dy't fan betinken wie dat de Turken de brân oanstutsen hiene om de Griken yn in steat fan terreur te hâlden om sa harren ôfreis oan te fiterjen.

De hiele moarn wiene de gloed en dêrnei flammen fan it baarnende Smyrna te sjen. We kamen dêr in oere foar it lemieren en de sitewaasje wie net te beskriuwen. De stêd stie hielendal yn ljochte lôge en de haven wie like ljocht as oerdeis. Tûzenen flechtlingen weagen folslein yn panyk hinne en wer oer de kaai. It ferskuorrende geraas fan bern en froulju wie net te ferdragen. Guon smieten harren yn it wetter en inkelingen wisten it skip te berikken. Om te besykjen mei in boat oan te lizzen soe útrinne op in ramp. Ferskate boaten besochten dat mar it mislearre fuortendaliks troch in stoarmriin fan in skriemende minskenmassa.... Aldergelokst wie der in sigentsje fan de see ôf en de kaai waard nea sa waarm dat de minsken libbend roastere waarden, mar om't de hjittens yn it skip op lytse 200 meter ôfstân field wurde koe moat de hjitten dêr alderheislikst west ha. De hopen bagaazje fan de flechtlingen, mei fakentiden klean en kleden, waarden ek noch ris troch it fjoer grepen en soargen foar in keatling fan fjurkes oer de lingte fan de strjitte.

De Turkske troepen hiene de kaai ôfsletten en holden sa de Armenen en Griken yn it brângebiet finzen. Ferslagen fan tsjûgen beskriuwe dat de flechtlingen yn panyk yn it wetter sprongen om oan it fjoer te Ûntkommen. Op 15 septimber wie it slimste foarby, mar Turksk geweld tsjin de Griken en Armenen hold druk op de alliëarde skepen om de flechtlingen sa gau mooglik te evakuëarjen. It fjoer wie op 22 septimber hielendal út en op 24 septimber leine de earste Grykske skepen oan om minsken mei te nimmen.

Flechtlingen besykje de alliëarde skepen te berikken tidens de brân yn 1922

It wie in drege evakuaasje, ek al dienen de Britske en Amearikaanske seelju harren bêst om de oarde yn de gaos en it triuwen te hanthavenjen. Fertsjintwurdigers fan de organisaasjes YMCA en YWCA besochten it lijen fan de flechtlingen te fersêftsjen, mar waarden besketten troch Turkske soldaten en ek wiene der meldings fan it beroofjen fan de helpers. Op de kaai waarden de flechtlingen troch Turkske soldaten en oar folk regelmjittich slein en berôve of ynrekkene as hja harren fersetten. Der wiene ek meldings dat Turkske troepen harren gedroegen, âlde froulju holpen en besochten oarder te hâlden, mar dit wie lykwols in hiele lytse minderheid yn ferlikening mei de meldings dy't wreedheden en stellerij beskreaunen.

It Amearikaanske en Britske besykjen om de Griken foar de Turken te beskermjen helle net folle út. Guon flechtlinen dienen harrensels te koart en sprongen mei de bagaazje op de rêch yn it wetter. Bern waarden fertrape en âlderen foelen flau en stoaren. Ek de Armenen hiene it swier te ferduorjen. Nefens kapitein Hepburn waarden alle flinke Armeenske manlju opjage en fermoarde en sels jongens fan 12 oant 15 jier wiene slachtoffer fan de jacht fan Turkske soldaten.

De brân ferwoastge alle kristlike wiken fan de stêd, ek de Levantynske. Allinnich de Turkske en joadske wiken blaune yntkat. Fan de bloeiende haven fan Smyrna, ien fan de drokste havens yn de fiere omkriten, bleau neat oer. Likernôch 150.000–200.000 Grykske flechtlingen waarde evakuëarre, wylst om en de by 30.000 Grykske en Armeenske manlju nei it binnenlân waarden deportearre. Under barre omstannichheden stoaren ûnderweis in soad fan dizze manlju. Oaren waarden tidens de tocht gewoan deamakke.

Hjirmei kaam oan de 3.000 jier Grykske bewenning fan Anatoalje's Egeyske kust no tegearre mei it Megali Idea (it ferienigjen fan alle gebieten dêr't Griken wennen) ynienen in ein. De Grykske skriuwer Dimitris Pentzopoulos skreau: It is net oerdreaun om it jier 1922 "it grutste rampjier yn de moderne Hellenistyske skiednis" te neamen

Tal slachtoffers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Smyrna nei de brân

It tal slachtoffers fan de brân is nea dúdlik wurden. Mooglik fûnen oant 100.000 Griken en Armenen de dea. De Amearikaanske histoarikus hold it op 10.000 oant 15.000 en de histoarikus Richard Clogg op 30.000. De skriuwer John Freely neamde in tal fan 50.000 slachtoffers, wylst de wittenskipper Rudolph Joseph Rummel it tal op 100.000 rûsde.

Ek al lei der in grut tal skepen fan de alliearden yn de haven fan Smyrna, de measte skepen holden har strikt oan de neutraliteit en namen gjin Griken en Armenen op dy't flechtsje moasten foar it Turkske leger en it fjoer. Militêre bands spile lûde muzyk om it geraas fan dyjingen dy't ferdronken of dy't mei geweld wegere waarden oan board te kommen te oerstimmen. Dêrfoar oer smiet in Japansk frachtskip alle lading oer board om safolle mooglik flechtlingen om te nimmen en nei de Grykske haven Piraeus te bringen. In soad flechtlingen waarden troch in ymprovisearre reddingsopperaasje fan de Amearikaanske sindeling Asa Kent Jennings holpen.

Oare ûndersikers stelle dat de Turken it de bûtenlânske skepen ferbeanen om de flechtlingen út de haven te heljen en dat de Turken pas nei diplomatike druk út Grut-Brittanje, Frankryk en de Feriene Steaten de tastimming joegen om de kristlike manlju fan 17 oant 45 jier te rêden. Dy kategory manlju soene ynearsten troch de Turken deportearre wurde nei it binnenlân, dat del kaam op twangarbeid en in wisse dea.

It tal flechtlingen feroaret neffens de boarne. Kranten út dy tiid skriuwe dat fuortendaliks nei de ferneatiging fan de stêd likernôch 400.000 Grykske en Armeenske flechtlingen út Smyrna en omkriten help krigen fan it Reade Krús. Oare rûzings bedrage 150.000-250.000 flechtlingen dy't evakuëarre waarden en nochris 30.000 Griken en Armenen, dy't nei it binnenlân fan Anatoalje deportearre binne om dêr te stjerren.

Ien fan de Grykske oerlibbenen wie Aristoteles Onassis, dy't letter ien fan de rykste mannen fan 'e wrâld waard. Syn biografyen jouwe ferslach fan syn ûnderfinings tidens de brân fan Smyrna. It mânske famyljebesit rekke syn famylje mei de ramp kwyt. Trije fan syn omkes stoaren. Syn muoike stoar mei har man en dochter doe't Turkske soldaten de tsjerke yn Thyatira yn 'e brân stieken, dêr't mear as 500 kristenen harren skûl holden om te ûntkommen oan Turkske soldaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.