Grimalkin (mytysk wêzen)

Ut Wikipedy

In grimalkin, soms koartwei malkin neamd, is in argayske Ingelske beneaming foar "kat", fan gri-, in ôfsliten foarm fan grey- ("griis-"), en malkin, in argyske term (ôflaat fan in flaainamme foar famkes dy't Maud hjitte), mei ferskate betsjuttings: "kat", "frou út 'e arbeidersklasse", "swabbert" of "swakkeling". Yn 'e folkloare fan Skotlân wurdt de term grimalkin spesifyk brûkt foar in type mytysk wêzen yn 'e foarm fan in kat. Sokke grimalkins soene yn 'e Skotske Heechlannen libje. Folksferhalen oer sokke katten geane teminsten tebek oant yn 'e Midsiuwen. Yn 'e Renêssânse rekken grimalkins, en ek Grimalkin as namme foar in hûskat, yn Skotlân assosjearre hekserij en de duvel. Yn 1606 naam de Ingelske toanielskriuwer William Shakespeare yn syn trageedzje Macbeth, dy't oer de Midsiuwske kening fan Skotlân mei deselde namme giet, in kat op mei de namme Grimalkin, dy't de trije heksen helpt om Macbeth syn takomst te foarsizzen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.