Grand Theft Auto

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Reclame foar GTA IV

Grand Theft Auto is in rige kompjûterspultsjes makke troch Rockstar North (foarhinne DMA Design) yn produksje fan Rockstar Games. De earste ferzje is yn de iere njoggentiger jierren útbrocht; dêrfoar kamen ek noch twa applikaasjes dy't Grand Theft Auto: Londen, 1969 en Grand Theft Auto: Londen, 1961 hite, dy't yn de sechtiger jierren ôfspylje. It twadde diel krige de namme Grand Theft Auto 2.

De nije GTA's wienen makke yn 3D; dat hat ynfloed hân op it spyljen fan it spultsje. De earste yn de GTA 3D rige, mei de namme Grand Theft Auto III, spile him ôf yn de stêd Liberty City, in firtueel fermidden dat in protte oerienkomsten hie mei New York. Dêrnei kaam Grand Theft Auto: Vice City út; dat spultsje spilet him ôf yn Vice City, it Miamy fan de tachtiger jierren. De lêste ferzje is Grand Theft Auto: San Andreas dy't him ôfspile yn de steat San Andreas mei de trije haadstêden Los Santos (Los Angeles), San Fierro (San Francisco) en Las Venturas (Las Vegas). Dy lêste ferzje hat in ferbettering west yn ferliking mei de oare GTA's omdat it gebiet folle grutter wie.

Grand Theft Auto IV waard offisjeel kundich makke by de Microsoft 2006 E³ parsekonferinsje op 10 maaie 2006. Oarspronklik soe GTA IV op 16 oktober 2007 útkomme, mar it kaam úteinlik 29 april 2008 op 'e merk, spylber op de Xbox 360 en PlayStation 3. Op 'e nij spilet it spultsje him ôf yn Liberty City, mar Liberty City liket yn dizze nije ferzje folle persizer op New York.

Der hat in soad opskuor west oer Grand Theft Auto, dat neffens guon ekstreem gewelddiedich wêze soe en minsken der ta oansette soe oaren te fermoardzjen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]