Goslar is een plak yn de DútskedielsteatNedersaksen; it stedsje leit yn it distrikt Goslar oan de noardrâne fan de Harz sa'n 50 km besudenten Braunschweig. De Gose, in sydrivierke fan de Oker, rint troch de stêd. De Gose wurdt in Goslar Abzucht (ôffierkanaal) neamd omdat it wetter dat út de Rammelsbergminen komt, jusjes foar de binnenstêd yn de Gose streamt.
De gemeente Goslar hat 42.000 inwoners, dy't ferdield binne oer de stêd Goslar (31.000 ynwenners) en fjouwer doarpen dêr't it wintersportoarde Hahnenklee mei syn staaftsjerke ûnder is.