Harz

Ut Wikipedy
Lizzing fan de Harz yn Dútslân
Delling fan de Bode
Nullebosk yn de Harz

De Harz is it fierst noardlike middelberchtme fan Dútslân. De heechste berch is de Brocken fan 1142 meter, dy't by it Nasjonaal Park de Harz heart. It nasjonale park beslacht sa'n tsien prosint fan it bercht. De Harz is fanâlds in wichtich mynbougebiet. De berchtmefoarming oan de ein fan it Paleozoïkum, de Hersynyske orogenese, is nei de Harz ferneamd.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Harz rint oer in lingte fan 110 km yn east-westlike rjochting en hat in breedte fan 30 oant 40 km. It berchtme wurdt de Oberharz yn it westen en de Unterharz yn it easten yn ûnderskieden. It eastlik part fan de Oberharz is de Hochharz, dêr't it Brockenmassyf ta heart. De Unterharz is folle leger as de Oberharz en rikt oant sa'n 400 m hichte. Fral de Oberharz is ticht beboske mei meast bûken yn de leechlizzende dielen en dinnen yn hegere dielen. De Unterharz hat ek lânbou.

Om de Harz hinne leit it Harzvorland.

Bestjoerlik heart de Harz by de dielsteaten Saksen-Anhalt, Nedersaksen en Tueringen. It net bewenne hert fan de Harz foarmet it grutste gemeentefrij gebiet fan Dútslân.

Ofwettering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Brockenmassyf is de wetterskieding tusken de streamgebieten fan de Wezer yn it westen en de Elbe yn it easten. De foarnaamste rivieren dy't yn de Oberharz ontspringe binne de Oker, de Innerste en de Oder. Ut de Unterharz wei komme de Bode en de Wipper.

Yn de Harz sitte in grut tal opslachmarren, dêr't de earste fan, de Sösetalsperre, yn 1931 foltôge waard. It gebiet is fierders ferneamd fanwe de histoaryske wettergalery, it Oberharzer Wasserregal, dat op de Wrâlderfgoedlist stiet. It systeem fan wetterreservoirs, kanalen en tunnels waard tusken de 16e en 19e iuw oanlein ta foldwaan fan de mynbou.

Mynbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 968 waard der fan mynbou yn de Harz sprutsen. Dêr waard meast sulver en letter ek koper, lead en sink út de grûn helle; yn de 20e iuw gienen de minen ticht. Om 1800 wienen de minen fan de Oberharz mei goed 500 m djipte de djipste fan de wrâld. Utfiningen sa as de fahrkunst en de stielkabel binne mei de minen yn de Harz ferbûn. De technyske universiteit yn Clausthal-Zellerfeld, is ûntstien ú in mynbou-akademy. De eardere Rammelsbergminen stean sûnt 1992 op de Wrâlderfgoedlist.

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Top fan de Brocken mei stjoermêst en de Brockenbaan

De stoomtreinen fan de Harzer Schmalspurbahnen ûnderhâlde in yntensive treintsjinst mei âlde lokomotiven tusken de plakken Wernigerode, Nordhausen en Quedlinburg. Dêrnjonken hat de line in aparte rit nei de Brocken.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]