Golfoarloch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Grûntroepen bewegingen fan 24-28 febrewaris 1991 tidens de operaasje Desert Storm.

De Golfoarloch of Golfkriich wie in wapene konflikt oan it begjin fan de njoggentiger jierren. Irak foel yn 1990, ûnder lieding fan Saddam Hoessein, om ekonomyske redenen har buorlân Koeweit binnen. De Feriene Naasjes (FN) kamen hjirtsjin meiïnoar yn aksje.

Ynearsten besochten de FN te ûnderhanneljen. Dêrnei stelden sy in hannelsembargo yn tsjin Irak. Dat embargo hâlde yn dat Irak gjin guods yn- of útfiere mocht. Doe dat net holp, dienen de FN in mânske loftoanfal op Irak. Dizze oanfal ferdreau de Irakeeske troepen Koeweit út.

De loftoanfal stie benammen ûnder Amerikaanske lieding. Sawat alle lannen yn de wrâld joegen harren stipe oan de aksje, ek de Sowjet-Unie. It súkses fan dat yngripen late ta in nij optimisme wrâldwiid. Mei de 'Nije Wrâldoarde' fan nei de Kâlde Kriich soe de FN tenei yn steat wêze fredesfersteuringen gau en effektyf oplosse te kinnen.