Springe nei ynhâld

Goldendale (Washington)

Ut Wikipedy
Goldendale
Rjochthûs yn Goldendale
Rjochthûs yn Goldendale
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Klickitat County
Sifers
Ynwennertal 3435 (2015)
Oerflak 6,53 km² (ynkl. wetter)
6,53 km² (allinne lân)
Befolkingsticht. 522/km²
Hichte 499 m
Oar
Stifting 1872
Postkoade 98620
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45° 49' 16" N 120° 49' 16" W
Offisjele webside
Offisjele webside fan Goldendale
Kaart
Rjochthûs yn Goldendale
De lizzing fan Goldendale yn Klickitat County en yn 'e steat Washington.

Goldendale is de haadstêd fan Klickitat County yn de Amerikaanske steat Washington, flakby de rivier de Kolumbia. Neffens de folkstelling fan 2000 hie it stedsje 3760 ynwenners en yn 2010 waarden der 3407 ynwenners teld, dus in tebekgong fan 9,4 %. it plak leit 64 km beëasten it Cascades berchtme, justjes besuden de Simcoe heuvels en 16 km benoarden de kleau fan de rivier de Kolumbia. De stêd is ferneamd om de Goldendale Observatory State Park. It plak bestiet benammen fan de lânbou.

Yn 1872 krige it plak syn namme fan John Golden, ien fan de eardere blanken dy't yn 'e delling fan de Klickitat delstrutsen. It hûs fan Golden stiet noch hieltyd yn it sintrum fan Goldendale. Yn 1878 waard Goldendale it haadplak fan Klickitat County. Op 14 novimber 1879 waard it offisjeel in stêd. Goldendale waard it ekonomyske mulpunt fan de Klickitat delling en as haadstêd fan Klickitat County ek it bestjoers- en rjochtssintrum. yn de lêste jierren wie der lykwols in ekonomyske tebekgong yn it stedsje. In aluminiumfabryk gie ticht, wêr't in soad ynwenners fan Goldendale wurken, wêrby minsken fuortlutsen. Dêrmei ferlear de stêd belestingsynkommen, dy't holp mei it ûnderhâlden fan de strjitten en oare ynfrastruktuer. Der binne yn de lêste jierren stikmannich wynparken yn de omkriten oanlein foar opwekking fan wyn-enerzjy. It hat nije banen opsmiten mar lykwols net genôch wêr't op hope wie.

Op 18 juny 1918 reizgen William Wallace Campbell, direkteur fan de Lick Observatory yn San Jose, Kalifornje en astronoom Heber Curtis nei Goldendale om in folsleine sinnefertsjustering te sjen. It doel fan harren reis wie om troch de sinnefertsjustering om foto's te meitsjen fan de korona fan de sinne en it sjen kinnen fan it plak fan de stjêren en harren strielen dy't oars net te sjen wiene troch de swiertekrêft fan de sinnestrielen. Mar hja hiene net it juste ark dêrfoar en koene de refleksjes fan de stjêren net sjen. Yn novimber 1919 is harren ynset erkend troch Britske astronomen en is de Relativiteitsteory fan Einstein bekrêftige. Op 26 febrewaris 1979 wie der yn Goldendale wer in folsleine fertsjustering te sjen, dy't in soad misken en tillefyzjeploegen neiit plak ta luts. Yn 2017 wie der wer in fertsjustering te sjen.

Op 13 oktober 1973 wie de Goldendale Observatory ynwijd. It waard de haadatraksje fan it plak. It is fergees tagonklik.

Yn 2010 wennen der 3407 minsken, 1462 hûshâldings en 963 famyljes, wêrfan 87,4% blanken, 0,2% swarten, 4,6% yndianen, 0,7% Aziaten,0,3% Pasifyske eilanners en 5,85% latino's. It trochsneed ynkommen foar in hûshâlding wie $26.030 en 25,4% fan de befolking libbet ûnder de earmoedegrins. Lânbou is de wichtichste boarne fan ynkommen. Foarhinne wie der in houtseachmûne, mar is njonkelytsen sletten. Ek in aluminiumfabryk, dy't boud waard trochHarvey Aluminum yn 1968 is nei 35 jier sletten, wêr'tsan 1400 - 1800 minsken wurken. Hjoeddedei is Rabanco Regional Disposal de grutste wurkjower yn 'e stêd. U.S. Route 97 rint beëasten it plak lâns yn noard-súd rjochting.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.