Sinnefertsjustering

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Animaasje fan de sinnefertsjustering op 1 augustus 2008.

In sinnefertsjustering is it astronomysk foarfal dat sjoen fan in plak op de ierde de moanne foar de sinne stiet. Ut soarte wurdt de sinne sels net tsjuster, mar de dei wurdt tsjuster om't de moanne it ljocht fan de sinne tsjinhâldt.

Folslein[bewurkje seksje | edit source]

Korona by in folsleine ringfertsjustering

As der in plak op ierde is dêr't ûnder de fertsjustering gjin inkel part fan de sinne sichtber is, dan wurdt dit in folsleine sinnefertsjustering neamt. Trochdat de moanne net altyd likefier fan de ierde stiet is in bysûnder gefal mooglik. Hjirby stiet de moanne al gâns foar de sinne, mar de skynbere grutte fan de moanne is net genôch om gâns de sinne ôfskermje te kinnen. Om de moanne hinne bliuwt yn dat gefal in ring fan sinne sichtber. Dizze foarm fan fertsjustering wurdt ringfertsjustering neamd.

Werhelling[bewurkje seksje | edit source]

Likernôch alle 5 moannen is der earne op ierde in sinnefertsjustering sichtber, likernôch ien kear yn de 16 moannen in folsleine sinnefertsjustering. Yn trochsnee is op itselde plak ien keer yn de 2,5 jier in sinnefertsjustering sichtber, mar foar in folsleine sinnefertsjustering is dat ien kear yn de 360 jier. Om't dat yn trochsnee is, binne der koartere en langere perioaden. Gâns koart wie de perioade tusken twa sinnefertsjusteringen op de westkust fan Angola, op 21 july 2001 en 4 desimber 2002.

Doer[bewurkje seksje | edit source]

Yn teory kin in sinnefertsjustering maksimaal 7 minuten en 31 sekonden duorje. De langste dy't oant no ta mjitten is, wie op 20 juny 1955 yn de Filipinen, mei 7 minuten en 8 sekonden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]