Goär (hillige)
De hillige Goär (om 585 - ûnder Oberwesel, 6 july 649) wie in Frankysk hearremyt ut Akwitaanje en wurdt sawol yn de katolike as yn de orthodokse tsjerken fereare.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Goär waard berne yn in aadlike famylje yn Akwitaanje (súdwestlik Frankryk) en al yn syn jongerein wie er tige from. Nei't er preester waard makke hy namme mei syn preken. Goär woe lykwols God op in oare wize tsjinje en dêrom reizge hy yn it jier 618 ôf nei it bisdom Trier om him as hearremyt del te setten by Oberwesel oan de Ryn. Nettsjinsteande syn foarnimmen om yn ôfsûndering te libjen, lei er op in poerbêste namme en waard syn hilligens bekend yn it hiele lân.
Foar skippers op de Ryn wie Goär gastfrij en hy waard besocht troch mannich reizger dy't him frege om advys. Ienris beskuldigden twa pylgers Goär dat hy net libje soe neffens it ûnthjit fan earmoede en keinens. Goär moast foar de biskop Rusticus fan Trier ferskine om syn saak te ferdigenjen. Doe't Goär dêr stie barde der neffens de leginde in grut wûnder wêrmei't Goär syn ûnskuld bewiisde. En net allinnich dat: it wûnder wiisde ek de biskop sels oan foar it lieden fan in lossinnich en domdryst libben. De útkomst wie dat de kening fan Austraasje, Sigebert III, Goär by him yn Metz rôp en him fersocht om de sit fan biskop Rusticus oer te nimmen.
Neffens in oar ferhaal wie it Rusticus sels dy't Goär fan tsjoenderij beskuldige. De kening lykwols spriek Goär frij dan dizze beskuldiging. Rusticus waard as biskop ôfset en Goär waard frege om dizze posysje yn te nimmen.
Hoe dan ek, it is wis dat Goär gjin ambysjes hie om biskop te wurden. Hy frege de kening om betinktiid, mar nei't er werom wie yn Oberwesel waard Goär siik en stoar op 6 july 649. Nei syn dea ûntstie by it grêf en de klús fan Goär in pylgersplak en naam de lokaasje syn namme oer.
It earste hilligelibben fan Goär Vita et Miracula Goaris waard yn de 9e iuw skreaun troch de muonts Wandalbert fan Prüm. Goär is de beskermhillige fan Sankt Goar, de wynboeren, skippers, pottebakkers en kastleins. Syn feestdei is 6 july. De Dútske bisdommen Limburg en Trier fiere syn neitins op 9 respektivelik 24 july.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Goar fan Wikimedia Commons. |