Gilgamesjepos
Ut Wikipedy
It Gilgamesjepos komt út Sumearje en is ien fan de âldste ferhalen fan de wrald. It giet oer Gilgamesj, de heldenkening fan Uruk yn Sumearje en datearret fan lang neidat Gilgamesj sels kening wie. De meast folsleine ferzje fan it ferhaal is oantroffen yn de gearstalling fan Assyryske kening Assurbanipal út de 7e ieu f. Kr.. Guon ferzjes datearje lykwols út noch eardere tiden.
De tekst koe bewarre bliuwe omdat it ieuwenlang troch learlingen yn spikerskrift oerskreaun waard op klaaitabletten om de Sumeryske taal te learen, ek yn de tiid dat de taal troch it folk net mear sprutsen waard, mar allinne troch amtners brûkt, krekt sa as it Latyn yn de Midsieuwen. Mei help fan de argeologyske fynsten koe it ferhaal aardich rekonstruearre wurde.
Wat hiel nijsgjirrich is dat sawol de Bibel as it Gilgamesjepos de sûndfloed neame.

