Gilgamesj

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foarstelling fan Gilgamesj út it eartiidse paleis fan Sargon II (tsjintwurdich yn it Louvre Parys)

Gilgamesj wie neffens de list mei keningen fan Sumearje de fiifde kening fan Uruk. Hy regearde tusken 2652 f. Kr. en 2602 f. Kr. en wie opfolger fan Dumuzy. Hy wie in soan fan kening Lugalbanda en de goadinne Ninsun. Hy wurdt beskreaun as twatredde god en ientredde minske.

Gilgamesj is benammen bekend wurde troch it Gilgamesjepos. Dat epos is gearstald út in samling heldeferhalen mei Gilgamesj as haadpersoan. De ferhalen waarden ieuwenlang mûnling oerlevere en pas letter delskreaun yn it spikerskrift. De úteinlike ferzje fan it epos datearret nei alle gedachten út de 12e ieu f. Kr..

Fan Gilgamesj wurdt skreaun dat er de selsstannigens fan Uruk foltôge en de stedsmuorren bouwe liet.

Neffens de leginde wie it Gilgamesj dy't Agga, kening fan Kish, fersloech en sadwaande in ein makke oan de hearskippij fan Kish oer Sumearje. Likegoed wie it net Uruk, de stêd fan Gilgamesj, dy't in soad fan de oerwinning profitearre mar de stêd Ur. Yn dizze stêd waard om-ende-by deselde tiid in nije dynasty stifte troch Meshannepada, dy't oer it grutste part fan Sumearje hearskje soe en as earste dynasty fan Ur optekene waard.

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Category:Gilgamesh en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.