Gertjan Verbeek

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Gert Jan Verbeek")
Gean nei: navigaasje, sykje
Gertjan Verbeek
Gertjan-Verbeek.jpg
Basis ynformaasje
Namme Gertjan Verbeek
Berne 1 augustus 1962
Berteplak Dimter
Ploech AZ

Gertjan Verbeek (Dimter, 1 augustus 1962) is in Nederlânske fuotbaltrener. Hy wennet yn Jobbegea.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Wurkpaad as spiler

Lykas de measte fuotbaltreners is Verbeek begûn as fuotballer. Yn syn aktive karriêre as fuotballer wie er ferdigener en spile hy by de amateurs foar Zuid Eshmarke, ATC '65 en Achilles '12. Dêrnei spile er fan 1984 oant 1994 foar Sportklup It Hearrenfean, útsein dat er yn it seizoen 1986/1987 ferhierd waard oan Herakles Almelo.

Verbeek hat by It Hearrenfean ûnder oare de earste en twadde promoasje nei de Earedivyzje mei makke, hy hat ien jier yn dy kompetysje spile (yn it seizoen 1990/1991). Yn 1993 behellet Verbeek mei SK It Hearrenfean de finale fan de KNFB-beker. Dizze wurdt mei 6-2 ferlearn fan Ajax.

[bewurkje seksje] Statistiken

Perioade Klup Lân Kompetysje
1984-1986 SK It Hearrenfean Nederlân Earste Divyzje
1986-1987 Herakles Almelo Nederlân Earste Divyzje
1987-1990 SK It Hearrenfean Nederlân Earste Divyzje
1990-1991 SK It Hearrenfean Nederlân Earedivyzje
1991-1993 SK It Hearrenfean Nederlân Earste Divyzje
1993-1994 SK It Hearrenfean Nederlân Earedivyzje

[bewurkje seksje] Prestaasjes

  • Winner Neikompetysje: 1990, 1993 (SK It Hearrenfean)
  • Finalist KNFB-beker: 1993 (SK It Hearrenfean.

[bewurkje seksje] Wurkpaad as trener

Al sûnt 1986 wie Verbeek jeugdtrener by It Hearrenfean. Nei't er ophâlden wie mei fuotbaljen waard er assistint-trener by trener Foppe de Haan. Fan 2002 oant 2004 wie er haadtrener by Herakles. Under syn lieding kaam de klup beide seizoenen yn de neikompetysje, mar promovearre net nei de Earedivyzje.

Sûnt 1 juny 2004 is Gertjan Verbeek haadtrener by Sportklup It Hearrenfean, dat nei it earste jier ûnder syn lieding meispile om de UEFA-kup. By It Hearrenfean hellet Verbeek alle jierren dat hy trener is Jeropeesk fuotbal.

Yn desimber 2007 krijt Verbeek te hearren dat syn kontrakt net ferlinge wurd. Sadwaande moat hy oan 'e ein fan it seizoen 2007/2008 in nije wurkjouwer sykje. Op 7 april 2008 wurdt Verbeek presintearre as de nije trener fan Feijenoord. Hy folget hjir Bert van Marwijk op dy't bûnstrener fan it Nederlânske alvetal wurdt.

Al nei in heal jier, op 14 jannewaris 2009 wurdt Verbeek ûntslein by Feijenoord. Hy moat fuort neidat de spilersgroep oanjout net mear efter syn belied te stean. Ek syn assistint Wim Jansen en de technsysk direkteur fan de klup, Peter Bosz, gean fuort. Nettsjinsteande de minne resultaten is Verbeek tige populêr by it publyk fan Feijenoord.

Sûnt de simmer fan 2009 is Verbeek haadtrener fan Herakles Almelo. De klub dêr't hy ek yn de perioade 2002-2004 haadtrener wie. Op 22 april 2010 lei er syn wurk as haadtrener by Herakles Almelo del en tekenet er in kontrakt foar trije jier by AZ.

[bewurkje seksje] Statistiken

Perioade Klup Lân Kompetysje Funksje
1994-2001 SK It Hearrenfean Nederlân Earedivyzje Assistint-Trener
2002-2004 Herakles Almelo Nederlân Earste Divyzje Haadtrener
2004-2008 SK It Hearrenfean Nederlân Earedivyzje Haadtrener
2008- jannewaris 2009 Feijenoord Nederlân Earedivyzje Haadtrener
2009- 2010 Herakles Almelo Nederlân Earedivyzje Haadtrener
2010- no AZ Nederlân Earedivyzje Haadtrener

[bewurkje seksje] Prestaasjes

  • Finalist KNFB-beker: 1997 (SK It Hearrenfean; as assistent trener fan Foppe de Haan)
  • Neikompetysje: 2003, 2004 (Herakles Almelo)
  • Pleatsing UEFA Kup: 2005, 2006, 2007, 2008 (SK It Hearrenfean)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen