Gerrit Komrij
Gerrit Komrij (Winterswyk, 30 maart 1944 - Amsterdam, 5 july 2012) wie in Nederlânsk dichter, skriuwer, oersetter, kritikus, polemist en toanielskriuwer. Hy wie fan 2000 oant 2004 de Dichter des Vaderlands. Komrij is ferneamd om syn firtuoaze en kleurrich taalgebrûk.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerrit Komrij waard berne, skreau er yn Demonen, yn de Iepenstraat 23 ('yn in arbeidersbuert - type túndoarp')[1] yn Winterswyk. Op de Ryks-HBS skreau er gedichten en oare bydragen yn de skoalkrante. In drukkerij yn Winterswyk printe yn 1963 syn earste bondel fan fjouwer gedichten, Dekonstruktie in vier delen. Foar Komrij wie dat lykwols in sabearedebút, syn wiere debút as dichter wie de bondel Maagdenburgse halve bollen en andere gedichten yn 1968. Yn 1976 skreau er op muzyk fan Boudewijn de Groot it liet Kinderballade, dat in jier letter op single ferskynde. Yn 1979 publisearre er de earste ferzje fan de blomlêzing De Nederlandse poëzie van de 19de en 20ste eeuw in 1000 en enige gedichten. Nei in fearnsiuw wie dy bibel fan de dichtkeunst fan de Lege Lannen yn 2004 troch útwreiding ta oan in fjirtjinde druk mei de oanpaste titel Nederlandse poëzie van de 19de t/m de 21ste eeuw in 2000 en enige gedichten.
Tegearre mei syn partner, Charles Hofman, emigrearre Komrij 1984 nei Portugal en sette him nei wenjen yn Alvites, yn de bergen fan Trás-os-Montes. Yn 1988 ferhuze er nei Vila Pouca da Beira.
Yn 1990 hold er yn de Piterstsjerke te Leien de Huizingalêzing oan de Universiteit Leien.[2] Trije jier letter ûntfong er de P.C. Hooft-priis foar syn beskôgjend proaza. Op 26 jannewaris 2000 waard Komrij troch Nederlânske lêzers útroppen ta earste Dichter des Vaderlands, foar fiif jier. In jannewaris 2004 joech er syn funksje oer; hy waard yn 2005, neidat Simon Vinkenoog ad interim de honneurs waarnaam hie, opfolge troch Driek van Wissen en yn 2009 troch Ramsey Nasr.
Gerrit Komrij waakste ta in wurdearre skriuwer en in kritikus dêr't minsken benaud foar wiene. Hy wûn tal fan literêre prizen en krige op 8 febrewaris 2000 in earedoktoraat fan de Universiteit Leien. By gelegenheid fan syn sechtichste jierdei organisearre it Nederlânsk Letterkundich Museum yn 2004 de útstalling Scripta Manent, maar niet altijd – Gerrit Komrij zestig jaar.[3]
Yn 2009 ferskynde de aparte útjefte Dansen op Spijkers, in cd, makke mei komponist Louis Gauthier, mei in part fan Komrij syn wurk yn lietfoarm. Komrij skreau dat jier ek it Grut Diktee fan de Nederlânske Taal en stie oan de widze fan de Turing Nasjonale Gedichtekriich, ynspirearre troch de National Poetry Competition yn it Feriene Keninkryk. Yn 2011 wie er ferteller en skriuwer, yn it teaterstik De zeven zonden van Jeroen Bosch tegearre mei Camerata Trajectina.
Yn 1976 skreau Komrij foar NRC Handelsblad in jier lang kollumns oer telefyzje. De dichter waard sadwaande mear ferneamd by in grutter publyk as resensint dy't net benaud wie om fijannen te meitsjen.[4] De jierren '90 skreau er foar de NRC oer literêre saken. Fan maart 2011 ôf fersoarge er in jier lang it weblog 'Komrij 2.0' op de ynternetside fan de krante oer syn ûnderfinings as 'technologykolumnist' yn de digitale wrâld.[5]
Komrij stoar nei in koart siikbêd yn it Onze Lieve Vrouwe Gasthuis yn Amsterdam.[6]
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1970 - Poëzijpriis fan de gemeente Amsterdam foar Alle vlees is als gras, of Het knekelhuis op de dodenakker
- 1975 - Cestoda-priis
- 1979 - Busken Huetpriis foar Papieren tijgers
- 1982 - Herman Gorterpriis foar De os op de klokketoren
- 1983 - Kluwer-priis foar syn hiele oeuvre
- 1992 - Frans Erenspriis foar syn hiele oeuvre
- 1993 - P.C. Hooft-priis foar syn beskôgjend proaza
- 1999 - Gouden Uil foar In Liefde Bloeyende
- 2008 - Zilveren Griffel foar De Nederlandse kinderpoëzie in 1000 en enige gedichten
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1968 - Maagdenburgse halve bollen en andere gedichten
- 1969 - Alle vlees is als gras, of Het knekelhuis op de dodenakker
- 1971 - Ik heb Goddank twee goede longen
- 1972 - Tutti-frutti
- 1973 - Op de planken. Episodes uit het leven van de tragédienne Zizi Maëlstrom en de toneelkunstenaar Sacha Culpepper
- 1974 - Komrij's patentwekker
- 1974 - Daar is het gat van de deur
- 1975 - Fabeldieren
- 1975 - De wonderbaarlijke lotgevallen van Jubal Jubelslee, tekene fan Rodolphe Töpffer, op rym set troch G. Komrij
- 1977 - De Verschrikking gedichten
- 1977 - Horen, Zien en Zwijgen. Vreugdetranen over de treurbuis. TV-kritiken
- 1977 - In het zwarte woud, yn: Drie mannetjesputters fan De Arbeiderspers by Scheltema Holkema Vermeulen
- 1978 - Capriccio
- 1978 - Sing Sing
- 1978 - De ontmoeting
- 1978 - Dood aan de Grutters
- 1978 - Heremijntijd. Exercities en ketelmuziek
- 1978 - Papieren tijgers
- 1979 - De stankbel van de Nieuwezijds Contra Scientology
- 1979 - Het schip De Wanhoop
- 1979 - De Nederlandse poëzie van de 19de en 20ste eeuw in 1000 en enige gedichten
- 1980 - Verwoest Arcadië
- 1980 - Averechts
- 1980 - De bibliofiel
- 1980 - Peper en zout
- 1980 - De zonderlinge avonturen van Primus Prikkebeen, mei orzjinele tekeningen fan Rodolphe Töpffer en berime troch Gerrit Komrij; mei neiwurd fan Dirkje Kuik
- 1981 - Onherstelbaar verbeterd
- 1981 - Het kroost van Aagt Morsebel
- 1982 - Praag
- 1982 - De os op de klokkentoren gedichten
- 1982 - Gesloten circuit
- 1982 - Het chemisch huwelijk
- 1982 - Aan een droom vol weelde ontstegen
- 1983 - De paleizen van het geheugen
- 1983 - De muze in het kolenhok
- 1983 - Het boze oog
- 1983 - Dit helse moeras
- 1984 - Alles onecht, eigen keuze uit het gehele poëtisch oeuvre
- 1985 - De gelukkige schizo
- 1986 - Verzonken boeken
- 1989 - Humeuren en temperamenten
- 1990 - Over de bergen
- 1991 - Met het bloed dat drukinkt heet ferhalebondel
- 1992 - De Pagode
- 1992 - De buitenkant. Een abecedarium
- 1996 - Een zakenlunch in Sintra en andere Portugese verhalen
- 1997 - Niet te geloven essay by gelegenheid fan de Boekewike
- 1997 - Pek en zwavel, polemieken en essays, een keuze
- 1998 - In Liefde Bloeyende. De Nederlandse poëzie van de twaalfde tot en met de twintigste eeuw in 100 en enige gedichten, poëzie en commentaren
- 1999 - De Afrikaanse poëzie in 1000 en enige gedichten
- 1999 - Erg! Iets over de nieuwste literatuur. (ûnder pseudonym Patrick Demompere)
- 1999 - De tranen der ecclecia's lêzing by inauguraasje W.F. Hermans Instituut
- 2000 - Poëzie is geluk rede
- 2000 - 52 Sonnetten bij het verglijden van de eeuw gedichten
- 2001 - Trou Moet Blycken of opnieuw In Liefde Bloeyende. De Nederlandse poëzie van de twaalfde tot en met de eenentwintigste eeuw in 100 en enige gedichten
- 2001 - Luchtspiegelingen. Gedichten, voornamelijk elegisch gedichten
- 2001 - Vrouwen van Nederland. beskôging
- 2001 - Vreemd pakhuis beskôgingen
- 2001 - Hutten en paleizen. De mooiste gedichten gedichten
- 2001 - De klopgeest roman
- 2002 - Inkt. Kapitale stukken beskôgingen
- 2003 - Lang leve de dood. Een bloemlezing in honderd-en-enige gedichten gedichten
- 2003 - Een zakenluch in Sintra ferhalen
- 2003 - Demonen autobiografische ferhalen
- 2004 - Alle gedichten tot gisteren gedichten
- 2004 - Hercules roman
- 2004 - Wagner en ik
- 2005 - Gouden woorden kritiken
- 2005 - Spaans benauwd gedichten
- 2005 - Fata morgana gedichten
- 2005 - Eendagsvliegen deiboekfragminten
- 2005 - Kost en inwoning. De Nederlandse poëzie in enige nagekomen gedichten
- 2006 - Kakafonie
- 2007 - De Nederlandse kinderpoëzie in 1000 en enige gedichten
- 2007 - Luchtdicht verpakt(gedichten, i.g.m. Bart Verheyen)
- 2008 - Ballade van de boekenjager gedichten
- 2008 - Vila Pouca : kroniek van een dorp
- 2009 - Dansen op Spijkers gedichten op muziek (mei Louis Gauthier)
- 2010 - Morgen heten we allemaal Ali
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|