Germaanske mytology
De Germaanske mytology beskriuwt de ferhalen dy't by de foar-kristlike Germanen de rûnte diene oer de oarsprong en de skiednis fan de goaden, de wrâld en de minsken. Yn de Germaanske mytology wurdt ûnderskied makke tusken Germaansk en Noard-Germaansk of Skandinavysk. Dy mytologyen lykje in soad op inoar, mar der binne lykwols inkelde ferskillen. Sa binne der yn Skandinaavje Frigg en Freya twa ferskillende, mar wol dúdlik oaninoar besibbe goadinnen, wylst sy yn de Germaanske mytology mar ien goadinne is.
Yn it Germaanske skeppingsferhaal wurdt de himel troch fjouwer Ierdmantsjes ûndersteund, Nordry, Sudry, Austry en Vestry. Dêr is hiel dúdlik de oerienkomst yn te sjen mei de fjouwer wynrjochtings noard, súd, east en west.
Wikedagen en feestdagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't it ferbân tusken de wikedagen en de, sichtbere, himellichems yn West-Jeropa net bekend wie, waarden de planetenammen almeast oerset yn de betsjuttings fan goadenammen. Sa hjitte snein en moandei nei de sinne en de moanne, en sneon sinnejûn, wylst de oare dagen nei goaden hjitte: tiisdei komt Tiwaz-dei, woansdei is ferneamd nei Weda, Wodan, tongersdei nei Tonger, Thor en freed nei Freya.
In soad nammen, begripen en brûkmen dy't yn ús hjoeddeiske maatskippij foarkomme, stamje noch út ús heidenske foarskiednis: sa binne de hjeldagen lykas Peaske en Krysttiid ferkristlike foarmen fan heidenske jiertiidsfeesten, it midwinterfeest en it maitiidsfeest.
Sa liket ús Sinteklaas in protte op Weda, Wodan (Skandinaavje: Odin) sa as dy te sjen is op inkelde ôfbyldings. Foarbylden dêrfan binne syn burd, hoed (ferfongen troch in miter), spear (no: stêf) en mantel. Boppedat rydt Weda ek yn de loft op in griis hynder, Sleipnir neamd, lykas Sinteklaas oer de dakken op syn skimmel. It struien mei letters wurdt wol keppele oan it feit dat Weda de minske de runetekens jûn hat.